Friduwih Riemersma

De ûnmooglikheid fan learen

logo.ensafh

De romans fan Sjieuwe Borger falle op troch de gewoane minsken mei gewoane doelen en misjes. Gjin machtige kontininten wurde ûntdutsen, gjin eksistinsjele ekstremen wurde ferkend. Gjin bûtenierdske útstapkes wurde oangean, of it moast al wêze fia geastferromjende middelen. Dat Borgers eardere romans allegearre yn it akademyske fermidden spilen, sa’t de efterflap fan Eksamenjier suggerearret, is in fersin fan inkelde letters, – it giet om in alkoholysk miljeu. Sa ek de fierde roman, Eksamenjier, dy’t in klupke lêstejiers gymnasiasten en ateneumklanten folget. Net har hegere sosjaalekonomyske status, mei de dêrby hearende gruttere drankkonsumpsje, meitsje harren spesjaal. Dat docht harren minsklikheid dy’t Borger, mei syn oanhâldend optimistyske minskbyld en mei licht ferwizen nei de humanist Catullus, yn al syn teatraliteit delset.

De alwittende ferteller fan Eksamenjier wikselet stadich tusken de motiven en gefoelens fan acht santjin- en achttjinjierrige TWU-learlingen yn in lyts stedsje. Al wurde de karakters yntrodusearre as leden fan sosjale klasse, it dramatysk konflikt is net sasear it klassekonflikt as de ûnderstelde tsjinstelling tusken populariteit, dat wol sizze: maklik jonges of famkes krije kinne oan de iene kant en hege sifers, dus net populêr wêze en gjin seksuele aventoeren hawwe oan de oare kant. Dy noflike soap fan wa docht it mei wa en fan net-komplisearre seks wurdt wreed fersteurd troch it probleemgedrach fan de âlden, dy’t har bern ek noch fan it learen ôf hâlde en dat net iens yn de gaten hawwe. In mem breinwasket har dochter mei it idee dat gjin inkelde man te fertrouwen is, dus leafdesrelaasjes bestean net. Dy dochter ûnderhâldt dan sawat it hiele eksamenjier lang in relaasje mei de troude heit fan in skoalfreon. De mem fan de sintrale figuer Dario drinkt fiersten tefolle, syn heit, in workalholic, giet frjemd mei de sekretaresse en hy komt wol wer werom by de mem, mar twongen troch omstannichheden. Feitlik ha se neat leard. “‘Fierder is der neat feroare. Hy is dochs altiten oan it wurk. (…) En heit beseft gelokkich ek dat er him net sa mar foar syn ferantwurdlikens weiwine kin, dat nei bûten ta is it wer hielendal happy family.’” (s. 111)

Unrealistysk is dat senario net. De dekaan fan it gymnasium dêr’t ik eartiids op siet klage geregeld oer de drege petearen dy’t er hie mei de slim puberjende âlden fan sokke aardige learlingen. Oft dat komt om’t lúkseproblemen yn kriten mei boppe-trochsneed maatskiplike kânsen mear foarkomme makket Eksamenjier net dúdlik. Wol dúdlik wurdt de twifel oer de mooglikheid fan morele en emosjonele folwoeksenens. Eksamenjier is gjin bildungsroman. As der al ‘bildung’ is, is dat bûten de roman. De metamorfose, fan net wurkjen nei hurd wurkjen op skoalle, hat al plakfûn foar de earste skoaldei dêr’t de roman mei iepenet. Dario syn heit hat Dario de hiele simmerfakânsje opsletten op har bûtenguod om’t er syn bêst net die op skoalle, mar de stúdzje nei skoalle sjocht Dario as frijheid-blijens dus hy wol syn eksamen helje. Wat dy frijheid dan betsjut, dêr’t Dario syn plak yn de hiërargy fan populariteit foar riskearje wol, komt de lêzer net te witten. Mar dat is it punt. Gymnasiasten kinne wol pedant oer it konsept debatearje, mar de folwoeksen wiisheid dy’t nedich is foar ynsjoch yn wearden as frijheid, dy berikke wy net.

Wat de folwoeksen etyk oanbelanget, de twa boppeneamde heiten, de ien in suksesfolle abbekaat, de oar in ferneamde psychiater, beiden rolmodellen foar de mienskip, blike ek nei de ûntdekking fan harren bûtensprongen net by steat ta de libidinale selsbehearsking dy’t de maatskippij freget. Sanksjes om sosjale noarmen krêft by te setten binne der amper yn Eksamenjier. Krekt op de lêste side komt der in buordsje yn de blombak foar skoalle, dat dy net langer as jiskebak brûkt wurde mei. It laachje sivilisaasje oer de driften is, neffens Freud, no ienris mar tin, dus humane ferjouwing komt hieltyd gau: “‘Ik haw him betterskip tasein, hy liet my gean.’” (s. 143) Ek in probleem is it sjen fan risikogedrach as sykte – “‘Sûnt wy relaasjeterapy folgje, giet it alle dagen better.’” (s. 132). Sa’n sjenswize stelt minsken net langer ferantwurdlik foar har eigen gedrach, seit de antypsychiater Szasz dêr’t de figuer yn Eksamenjier syn namme en berop oan te tankjen hat. De needsaak om nij gedrach oan te learen wurdt dêrtroch minder field: “‘Fan ‘e moarn siet se oars noch oan de sherry (…) en dêrnei namen se noch ien.’ ‘[M]oast de leie ek net te strak oanhelje.’” (s. 132)

In oar probleem is dat eigenskippen gauris as oanberne beskôge wurde: “‘Do bist no ienkear in lineêre tinker.’ ‘[I]k haw it te tankjen oan ús mem (…) myn tinken is in reaksje op harres. En se hat my makke, natuerlik, mei ús heit.’ ” (s. 124) Se liket “dochs” it meast op him, seit Joyce dan grutsk, hoewol’t se har heit inkeld fan in foto ken. Neist dy behinderingen fan minsklike ûntjouwing om’t kulturele opfettingen de agency en it kritysk tinken yn ’t paad steane – Dario nimt dy ynstruksje fan syn heit oer de net te strakke leie foar leaf – binne der de behinderingen fan hege sifers heljen en witten fan de regels. Fergeze feitekennis en feardichheden oerhearskje: “‘Fan in folweardige gymnasiast meist ferwachtsje dat er skandearje kin.’” Fan Dario’s wurkstik oer de antikythera, in frij en selsstannich ûndersyk, hearre wy nei de earste haadstikken neat mear. Fan âlds wiene klassike opliedingen, dus gymnasia, it plak foar humanistysk learen dat rjochte wie op autonomy yn tinken en hanneljen, mar dat is net mear sa.

As studint kin de frijheid dêr’t Dario him in soad fan foarstelt noch fierder yn ’e knipe komme. De praeses fan de sosjeteit fan Dario’s freon Just syn suster seit: “‘Do tinkst as in gymnasiast, Just. Ien dy’t syn leskes leart en net sels tinkt, dat docht de master wol foar dy. Hjir betsjut [societas] mar ien ding: fer-ien-ing.’” (s. 101) De mooglikheid fan learen beheint him der ta ûnbegryplike ferienings-mores. Bygelyks moatte de fjouwer studintes eventuele manlike besikers tusken harren yn “op dy bank stevich fêsthâlde sadat jimme net mei jim goare poaten ús goede eare en namme besmodzgje kinne.” (s. 99) As soe dy fysike twang noch net genôch wêze foar de coming of age fan Dario en Just, de seksuele taneiering is sa agressyf dat in studint mei in genitale blessuere nei de earste help moat. Lust ûnderwrot alle kontrôle oer it eigen gedrach. “Syn kul efternei” (s. 132) liket net te fallen binnen wat Dario as frijheid sjocht. Te min selskontrôle jout boppedat gjin bettere learprestaasjes: “[H]y besefte dat it nearne ta liede soe as er no al as in wyldenien foarút wurkje soe.” (s. 27) Krekt it ûntsnappen út it dilemma tusken populêr en prestearjen easket selsbehearsjing.

Dy filosofyen meitsje Eksamenjier alderminst in dreech boek. Krekt oarsom is Eksamenjier in boek dat troch syn opset geskikt is foar de jongere lêzer, want der is in soad útlis oer eftergrûn en karakterûntjouwing dy’t de bedreaune lêzer ek wol út dialooch en hanneling hellet. Al is dy infodumping elegant oplost, de ekstra struktuer en ferheldering komt meast fan flashbacks dy’t de faasje út it momint sels helje. De aksje en dêrmei de identifikaasje komme traach op gong foar de betûfte lêzer, mar de ûnderlizende tematyk kompinsearret dat. Ek jouwe komplisearre konsepten as ‘yntrinsike belangstelling’ ekstra substânsje, want foar it bestean fan yntrinsike motivaasje is nea bewiis fûn en de belangstelling yn Eksamenjier giet benammen út nei maklike blondines en de gulp fan de jonges. Boppedat is de yntertekstualiteit nijsgjirrich. Bygelyks is D.H. Lawrence syn “How Beastly the Bourgeois Is” in foaroankundiging fan de swakte fan de boargerman. Dat gedicht wurdt foarlêzen troch Dario’s klasgenoat Durk fan der Fean; Van der Veen wie yn it echte libben in freon fan de skriuwer.

Werkenber út Borger syn eardere wurk – en ek trouwens út dat fan Van der Veen – is de teatrikaliteit. De karakters hawwe faak net mear as in ferslach fan it barren, dêr’t se in diskutabele fiksjonele romte út skeppe: “‘Jimme moatte net sa spekulatyf tinke.’” (s. 167) De lêzer kin oer de hiele romte sjen en sels bûten de romte; dy wit wat der oan komt. Dy teatrikaliteit jout in soap-eftichheid dy’t moai oanslút by plot en karakters. En dy karakters, de tagelyk ûnwisse en hiel wisse Dario dy’t fan syn âlden hâldt al nimt er se amper noch serieus, Just mei syn hast yrritante rêst en wiisheid, de belutsen learaar Dapper mei syn iepen pedagogy – sympatiker fynt men se net. Al leare se amper wat.

Sjieuwe Borger
Eksamenjier
ISBN 978-90-74516-16-7
Utjouwerij Hispel, Wiuwert 2015
Ferkeappriis: € 15,00

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *