Jelma Knol

Besprek ‘Lytse Protter’

logo.ensafh

Dichteres Baukje Wytsma en yllustratrise Yke Reeder hawwe in prachtboekje mei bernegedichten makke mei de titel Lytse Protter. Yn koarte, ienfâldige ferskes wurdt it ferhaal ferteld fan in jonkje en famke dy’t in broerke of suske krije, de lytse protter. Oant safier de ferlytsingswurdsjes.

De sfear fan de gedichten is ôfwikseljend optein of leaf, tear en yntym. Baukje Wytsma skriuwt oer in oersichtlike, lytse wrâld dêr’t positive gefoelens yn oerhearskje. Sa heart dat ek yn in kadoboek oer dit ûnderwerp. Jo kinne mei in bern op ’e skurte de ferskes foarlêze en tagelyk de prachtige plaatsjes fan Yke Reeder besjen.

De skriuwer fan ‘k Zag twee beren broodjes smeren wist al dat by bern fan fjouwer-fiif jier âld ynienen it kwartsje falt: “’t Was een wonder zo bijzonder”, dat rimet! Baukje Wytsma bordueret dêr feardich op fierder: “zusje/kusje”, “taartsjes/kaartsjes”, in wûnder is ’t, bysûnder is ’t. Soms falt in yllustraasje sa gear mei in gedicht datst samar ynienen yn de sfear fan Baukje Wytsma har oare poëzy sitst, dy foar grutte minsken. De heimsinnige tún dêr’t in jonge in tút krijt fan in famke, mei it gedicht dat begjint mei de rigels: “Ik krijg een zoentje van mijn zusje, zomaar op mijn zachte wang”, docht sterk tinken oan it gedicht út Heech gers (1987), ‘Allinnich yn dyn tún’. Ek de subtile alliteraasjes yn dit fers ferwize nei de betide poëzy fan Wytsma.

De yllustraasjes fan Yke Reeder fertelle yn dit boek har eigen ferhaal. Yn dy yllustraasjes brûkt Reeder hiel ferskillende techniken, ûnder oaren stimpels, kollaazjes en potleadbernetekeningen dy’t letter ynkleure binne. It liket allegear sa ienfâldich, mar dat is it perfoarst net. Sjoch mar ris hoe’t se in badkúp mei in toskeboarstel yn in sylboatsje feroaret of in stel krukjes yn in berneflat. It moaiste fyn ik de yllustraasje dy’t foar it omkaft útkeazen is: it famke dat troch de nacht roeit mei in bear op ’e skurte, sittend op it skyltsje fan de moanne. Guon yllustraasjes binne dreamerich fan sfear, oaren feestlik. Mar kinst der altyd even wat langer by stilstean. Wat dogge al dy fûgels en oare (koes)bisten yn dit boek? Wat moat dy krie-achtige fûgel op de poppewein? Is dy mûs wol read-wyt-blau, lykas it gedicht seit? De beamhutte út it lêste gedicht werken ik ynienen: hee, dy stiet yn it echt by it hûs fan de keunstneres. Bern dy’t noch net lêze kinne, ûntdekke in wrâld yn dizze platen. In wrâld mei mear lagen, dy’t in berop docht op de fantasy.

Wat ik net begryp is de ôfwikseling tusken Fryske en Nederlânske ferskes. Is dat ferkeapbefoarderjend bedoeld? Is it ferlieding? Bedoeld om Nederlânsktalige lêzers ek ris oan it Frysk priuwe te litten? Is it polityk korrekt bedoeld, yn dizze sabeare twatalige provinsje? Lytse bern sitte net mei dat Frysk, hear. Dy begripe alles wol. Foar de domme, grutte minsken hiene op de lêste side, lyts, wol even de oersettings yn it Nederlânsk set wurde kind.

En myn Fryske hert fynt it wat spitich dat guon Nederlânske fersen folle moaier binne as de Fryske. Mar ach, der moat ek wat te mekkerjen wêze.

Besprutsen:

Baukje Wytsma en Yke Reeder,
Lytse Protter, Ljouwert, 2016.
Utjûn troch de Afûk.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *