Gerrit de Vries

Oanreitsje

logo.ensafh

 

wat docht it my

as buiewolken
leadgrize loften skowe
op wite wynfearren
dûnker driigjend
it lân yn rôlje

wat ferrekt it my

as fûl de wyn
kâld de hagel
my om ’e kop slacht
it fel read
oan stripen giselt
mei tûzen nullen stekt
de lea ferklommet

it docht my sear

as de pine
myn hert raant
myn hûd it iis yn
frisse triennen
fan de holle
baarnt

wat kin it my skele

as de sinne troch my
ljochtet
yn tûzen kleuren
in reinbôge brekt
de kleuren my
op en ôf gean

as it sa fielt
as ik dy do my
wy inoar

oanreitsje

1 reaksje op “Oanreitsje

  1. Gerrit

    Wat in skitterend gedicht.
    It is as giet It oer mysels.
    Ik sil “hij noch faak ris efkes loze.
    Tige Tige tank fora dynamische wurgen.
    Dikke tut ùt Frjentsjer

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *