Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

It ûnferjoulike / Das Unverzeihliche

logo.ensafh

 

It ûnferjoulike

Asto freonen ferjitst, asto de keunstner húnst,
En de djippere geast min en ferkeard begrypst,
God ferjout it, mar steur dochs
Nea de frede fan minnenden.

Oersetting: Piter Boersma

Das Unverzeihliche

Wenn ihr Freunde vergesst, wenn ihr den Künstler höhnt,
Und den tieferen Geist klein und gemein versteht,
Gott vergibt es, doch stör nur
Nie den Frieden der Liebenden.

1 reaksje op “It ûnferjoulike / Das Unverzeihliche

  1. Fersen oersette is tûzen kear dreger as proaza ferfryskje. Dat blykt hjir ek. ‘Unferjoulik’ stiet wol yn WD syn wurdboek, mar komt dêr dan ek foar it earst foar. Better hie west ‘Wat net te ferjaan is’. ‘Asto freonen ferjitst’ is wat oars as ‘As jimme freonen ferjitte’ (ihr = jimme). It fers wie blykber rjochte tsjin in groep minsken, miskien wol de antykeunstboargerij, net tsjin ien persoan. De trije ei-lûden (Geist, klein, gemein) yn rigel twa komme by Boersma net werom. Sa’n selde trijeslach (nie, Frieden, Liebenden) wurdt yn de lêste rigel ek net honorearre. It liket derop dat Piter Hölderlin efkes gau tusken de ierdappels en it sop troch oersette wol, mar Hölderlin wol dat tocht ik net.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *