Piter Boersma

It Fryske literêre libben (1): It Skriuwersboun opdoeke?

logo.ensafh

It is nuver as immen dy’t krekt sels witte litten hat dat er ophâldt mei skriuwen dêrnei as foarsitter fan It Skriuwersboun fuort ek mar in fraachteken set by it fuortbestean fan It Skriuwersboun. As Koos Tiemersma ophâldt fan skriuwen, wêrom soe it der dan ek oan ta wêze dat de wrâld ophâldt fan draaien?

Koos Tiemersma wol sels net mear en sjocht der sels gjin gat mear yn. Myn reaksje is dan alderearst: as it safier is mei immen, moat er him weromlûke en plakromje foar oaren en net as folgjende died suggerearje dat wat dêr’t er by belutsen is ek mar better ophâlde kin. Soks is in gefal fan tunnelfyzje. Koos Tiemersma hat in probleem, gjinien oars.

Wy witte allegear wol dat It Skriuwersboun gjin gesellige ledeklup (mear) is, dat de gearkomsten net geweldich goed besocht wurde en it net tafalt om bestjoersleden te krijen. Mar dat jildt foar safolle klups. En it wol alhiel net sizze dat dy klup, yn dit gefal It Skriuwersboun oerstallich wurden wêze soe. It Skriuwersbounbestjoer is der om in tal dingen te dwaan dat foar de Fryske skriuwerij profytlik is. It bestjoer kin foar spesjale dingen help yn roppe. Mar wat der bart hinget ôf fan de fyzje, de ideeën, de ynspiraasje en motivasje fan de ôfsûnderlike bestjoersleden ôf. Sa hat it altyd west en sa sil it altyd bliuwe. Binne dy dingen binnen in bestjoer net oanwêzich dan moat it ôftrede. It bestjoer fan It Skriuwersboun moat ek net miene dat it de wrâld oan in toutsje hat. As men dat mient, rekket men frustrearre as oare yndividuen en oare organen dy’t men op ’e hûd springt net jins kant út wolle, oare belangen hawwe. Men moat út jinsels wei libje. Wa’t dat net troch hat lijt oan idelens, eigenaardich genôch nei alle gedachten feroarsake troch in minderweardichheidsgefoel. It Skriuwersboun en it Skriuwersbounbestjoer foarmet net mear as in rêdsje yn it Frysk literêre libben.

Ut it Skriuwersboun wei wurdt it Literêr Sirkwy organisearre. It Skriuwersboun organisearret skriuwersbyienkomsten – de iene kear better, de oare kear minder goed slagge.It Skriuwersboun hat it projekt ‘Skriuw’ ûnder him.

In tal jierren lyn hat It Skriuwersboun de stjit jûn ta in rige suksesfolle Boekejûnen, en dat yn ’e mande mei It Fryske Boek en yn it earst ek teater Romein. Dy boekejûnen is no in ein oan kommen. Dêr binne twa redenen foar: de situaasje by It Fryske Boek en de fyzje derfan en it feit dat It Skriuwersboun dat ‘dossier’ foar in hieltyd grutter part oan It Fryske Boek oerlitten hat. Wat dat oangiet moat ik nei mysels wize, want ik wie foar It Skriuwersboun by de organisaasje fan
de Boekejûnen belutsen en wie net al te aktyf de lêste pear jier. Myn stelling is, dat as It Skriuwersboun as klub fan minsken út it fjild net op in ynspirearjende en oantrunende wize by de saken belutsen binne, mar it oerlitte oan organisaasjes, dan komt it net goed.
Binnen de Fryske literêre wrâld hat men oan de iene kant de oerheid, oerheidsorgiansaasjes en (troch de oerheid subsidearre) organisaasjes en oan de oare kant skriuwers, tydskriften mei har redaksjes en útjouwers. Dy lêste trije kategoryen, dêr libbet de Fryske literatuer troch, dêr moat it fan komme. De organisaasjes binne op harsels lege hulzen. Harren taak is tsjinstber te wêzen. Net dat se dat (altyd) troch ha. As organisaasjes tinke dat se sels wat binne, komme se ta neat, kinne se neat prestearje, binne se fan gjin wearde en de dea yn ’e pot. It Skriuwersboun is ek in organisaasje, mar streekrjocht ien fan de skriuwers sels en dat makket dat It Skriuwersboun in spesjaal plak ynnimt. It stiet yn prinsipe yn direkt kontakt mei it fjild. De taak fan It Skriuwersboun sil dêrby hieltyd oars wêze, mar hoe dan ek sil it in bestjoer ha moatte dat him ynspirearje lit troch wat der yn it fjild bart. En it is gewoan sa, dat binnen de Fryske literatuer fan alles geande is, dat der in protte aktive skriuwers binne. .

It moat sa wêze dat Koos Tiemersma immen is dy’t gjin each hat foar wat der allegear bart, of better dêr gjin each foar ha wol. En hoe komt dat? Hy wol it net sjen, want hy wol dat de wrâld allinne mar út Koos Tiemersma bestiet. En omdat er wyt dat dat net sa is en nea sa wêze sil grynt er, is er ûntefreden en wol de wrâld ferneatigje om’t dy net oan syn fuotten leit. Hy libbet eins net en kin net ferneare dat der om him hinne wol libbe wurdt. By him ûntbrekt tinkt my de wiere ynteresse foar de oar.

Dat, net It Skriuwersboun moat ophâlde, nee, Koos Tiemersma moat hjoed noch opstappe as foarsitter derfan.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *