Teleks: Teaterfoarstelling DE GRINS

logo.ensafh

(ynstjoerd)

Teaterfoarstelling DE GRINS

It klimaat feroaret, it seewetter komt deroan, de seedyk, ús fertroude grins is net heech genôch, wy strûpe derûnder! WAT DOGGE WY? Ferhûzje wy nei Drinte, nei België? Komme der nije grinzen? Binne wy dan noch Friezen? Prate wy noch Frysk?

De Grins set útein mei in ynformaasje gearkomste oer de feroarings fan it klimaat en wat dat foar ús betsjut. Al rillegau wurdt dúdlik dat de twa organisatoaren it net mei inoar iens binne…

De Grins is in nije Fryske teaterfoarstelling oer ús. Us identiteit en wrakseljen mei de Fryske taal. Dynamysk, ynteraktief, serieus en komysk. Binne wy noch wol Friezen? Wat ha wy noch, wat ferlieze wy en wêr leit de grins.

Spilers en regisseur hawwe de foarstelling makke oan de hân fan ynstjoerde stikken yn regionale kranten en petearen mei minsken op strjitte.

Mis dit net asto witte wolst wat der libbet yn it hert fan (de) Friezen!

Premjêre: sneon 7 oktober 2017 20.30 oere, Doarpshus Weidum, Bumaleane 1
12 oktober 20 oere Tresoar, Ljouwert
4 novimber 20.30 oere, Jorwert, Café het Wapen van Baarderadeel
5 novimber 16.00 oere, Jorwert, Café het Wapen van Baarderadeel

Rezjy: Theo Smedes
Spilers: Wybe Koldijk en Thijs Meester
(Tredde) Produksje: Stichting Breinroer

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *