Koos Tiemersma

Faktoaren fan bûtenôf

logo.ensafh

Ik waard attindearre op in resint besprek oer De ljedder fan Van den Berg, oftewol de ferneamde boeklogger, dy’t him no opwurke skynt te hawwen nei it echte wurk: haadresinsint by Farsk. No hie dizze besprekker al earder op syn webloch Mind Games ûnder hannen nommen. Tige komysk, moai koart en dus o sa gaadlik foar it plakboek, ik ha der in soad wille om hân.

Oft it nijste besprek it ek sa fier skoppe sil? Ik tink it net, dêrfoar bliuwt de tekst my te fier ûnder de mjitte hingjen. De yndieling is oars wol opmerklik. Om in besprek te begjinnen mei in wiidweidige ferantwurding dy’t benammen oer de resinsint sels giet freget moed. Of ûnkunde. Of beide. It komt der koartsein op del dat dizze besprekker net de earste de bêste is. Der wurdt rept fan hûnderttûzenen wurden dy’t VdB jierliks opskriuwt, om mar te swijen fan syn baan, dy’t blykber ek in protte inket ferget. Ferfolgens – wy binne dan al sawat op healwei – meie wy fernimme dat de besprekker net neutraal foar it boek oer stiet. Nei dizze sels-diskwalifikaasje (in yntegere besprekker soe yn sa’n gefal it boek fansiden lizze) folgje noch wat iepen doarren oer De ljedder en dat is it dan.

Wat my yntrigearret is de oanlieding ta dit besprek. Wat besielet in neffens eigen sizzen betûft skriuwer om in boek út 2002 oer te eidzjen dat al ‘hûnderttûzen’ kear (en in stik minder oerflakkich) besprutsen is? En dat yn in blêd dat himsels toait mei de namme Farsk.

No is it boek yn it Nederlânsk útbrocht, dat soe in logyske oanlieding wêze kinne. Oft dat sa is, betwivelje ik. Sa’n besprek hat ommers neat te sykjen yn in Frysk literêr blêd. Boppedat is de tekst yn it Frysk en dat past allikemin. It docht my tinken oan in opmerking dy’t Willem Schoorstra tsjin my makke oer in boekhannel yn Dokkum. Men hie Zwarte Engelen yn it Fryske hoekje lein. It leit der trouwens noch, ha ’k okkerdeis fêststeld.

Der moat dus in oare reden wêze. Hat myn koarte kommentaar dat ik begjin dit jier op myn eigen side (sjoch argyf 17 maart 2007) op VdB syn hilaryske besprek fan Mind Games joech miskien wat tefolle jûke? It soe samar kinne. Dêrmei seit it troch VdB keazen opskrift (Hoe’t faktoaren fan bûten it boek de tekst bedjerre kinne) wierskynlik mear oer it besprek as oer De ljedder.

Gossy.

Koos Tiemersma,
www.froonakker.nl

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *