A. IJ. van den Berg

In debutante yn it byntliif

logo.ensafh

It wie in goed idee fan Tineke de Jager – van der Zee om in boek te skriuwen oer de Dokkumer froedfrou Catharine G. Schrader [1656 – 1746]. In fraach is foar my al oft de romanfoarm dêr ta wol de bêste mooglikheden biede koe.

Catharine G. Schrader har namme libbet ek hjoeddedei noch altiten fierder, troch in nei har neamde stichting. Dy hat ta doel om de kennis oer de kreamkunde te befoarderjen. Har rom tanket se oan har praktykdeiboek, dat bewarre bleaun waard, en in hiel rike boarne is fan details oer berten yn ‘e achttjinde ieu. Miskien wol de iennichste boarne.

De skriuwster fan Goedfrou foar it libben brûkt dy oantekeningen as ramt foar har boek. Sy lit Catharine Schrader, dy’t dan al op jierren is, hieltiten yn it praktykdeiboek blêdzje, om har sa neitinke te litten oer foarfallen fan doe.

Dêrnjonken stean der in pear koarte sitaten út de histoaryske tekst yn ‘e roman. Sa as de ymposante ein as se werom sjocht op har libben:
‘Hebe dit in mijn 85 jaar mijnes ouwderdoms, 1740 den 18
september. En sall het nu mijn lesste licht wessen. En hebbe
de tit mijnes sundigen levens een sware tit gehat. En omtrent
over de virdusent kinders ter werrelt geholpen,
dar onder 64 twelinge en 3 drylinge.’

Yn Schrader har praktykboek stean foaral koarte meidielings oer de befallings. Dy oantekeningen binne lang net byldzjend genôch om sa mar in roman út distillearje te kinnen. Dat jout in skriuwer dus de romte om sels aksinten en kleuring oan te bringen.

Of net?

Tineke de Jager-van der Zee hat der foar keazen om in pear tekenjende kreammen út de praktyk fan de frou wiidweidich te beskriuwen. Sa wie der in earste kear dat Catharine Schrader sûnder har man de sjirurgyn in befalling die. Der wie ris in poppe dy’t mei de helm op berne waard. It gie ek wolris mis. En om’t de froedfrou út de hegere kringen kaam, is der ek dat aksint noch. It smyt in episoade op oer in ferbliuw fan trije wike by de regintenfamylje Van Aylva.

Dus liket dit boek op himsels ôfwikseljend en kleurryk genôch om de lêzer fan begjin ta ein fêsthâlde te kinnen. Allinne is dit net sa, foar my. En dat komt troch hoe’t de skriuwster al dy foarfallen ferwurke hat.

Sels neamt se it boek in roman yn ferhalen. Mar it wurd taferieltsjes is mear op syn plak, tinkt my. Tableaux vivants, mei Catharine Schrader hieltiten yn it middelpunt fan ’e aksje.

De skriuwster liket har manier fan fertellen nammentlik earder ûntliend te hawwen oan de televyzje, of de film, as oan de romankeunst. Tekenjende beskriuwings ûntbrekke meastentiids. Of it moat wêze om hoe’t se emoasjes werjout. As ik net witten hie hoe’t bern op de wrâld komme, hie dit boek my dat net leard; ek al docht de iene befalling nei de oare him foar.

Boppedat spylje de episoaden har meastentiids yn ‘real time’ ôf. Wêrby’t de sekonden somtiden lang duorje; hielendal yn ’e dialogen, dêr’t hiele dielen fan fuort kinne, sûnder dat dêrtroch wat mist. Wylst it moaie fan de romankeunst no krekt is, oars as by toaniel of televyzje, dat in skriuwer sa maklik hannelingen yn ien of in pear sinnen gearfetsje kin.

Tagelyk is goed te begripen wêrom’t Tineke de Jager – van der Zee dizze roman sa skreaun hat. It orizjinele praktykboek fan Catharine Schrader is krekt sa’n wichtige histoaryske boarne is om’t wy net in soad witte oer dy tiid. Dus moat in skriuwer, krekt as in histoarikus, rûnom kennis weislepe om in wrâld skeppe te kinnen dêr’t fan te leauwen is dat dy om 1700 hinne spilet. Dat is nochal wat.

Mar hoe waarden de nâlestringen doe ôfbûn? Hoe folle ruften hie in trochsnee húshâlding? Wiene der wol luiers?

Dit binne sa mar wat fragen dy’t ik hie, út in hiel soad mear. En de antwurden dêrop binnen miskien net allegear nedich om in moai ferhaal skriuwe te kinnen. Mar de needsaaklike kennis is dat al. Om’t in boek der folle riker en oannimliker fan wurdt as de auteur sa no en dan in ferrassend histoarysk detail flonkerje lit.

Dat makket de histoaryske roman ek ta in hiel dreech sjenre, miskien wol ta in hast ûnmooglik sjenre om mei te debutearjen. Om’t neist de swierrichheden dy’t it skriuwen op himsels al opsmyt it probleem spilet dat der sa’n soad oare fakkennis foar nedich is. En dêrby hat Tineke de Jager – van der Zee har nochris ekstra stiif yn it korset snuorre troch in ferhaal bringe te wollen oer it libben fan ien dy’t echt bestien hat. Wylst sa’n libben hast noait in dramatyske ferhaalbôge hat.

Ik wol dêrom sels net útslute dat de roman miskien wol it meast ûnmooglike sjenre is om oer Catharine Schrader te skriuwen, mei dy frou sels as haadpersonaazje. Fan Goedfrou foar it libben is dêrom moai dat it besiket om nochris omtinken te jaan oan in opmerklik libben, en it is ek al in talint soks sjoen te hawwen. It bliuwt allinne skande dat it boek ek sjen lit hoe faak de skriuwster weirûn is foar de swierrichheden dy’t it sjenre fan de (histoaryske) roman stelt.

jager_goedfrou

T. de Jager – van der Zee

Goedfrou foar it libben.
Ferhaleroman oer it libben fan Catharine Schrader, 198 pagina’s
Kristlik Fryske Folksbibleteek, nû. 447, 2008
ISBN/EAN: 978-90-74918-65-7
priis: € 14,00

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *