Marcel Plaatsman

Molwrot: eilannen, de see, Mahler

logo.ensafh

Eilannen haw ik wol in swak op. Dat sil foar de haadpersonaazjes fan Molwrot ek wol wier wêze: net allinnich reizgje dy ôf nei Peaske-eilân, se lykje harren eigen libben ek as in soartemint fan eilân te beskôgjen. It jildt foar Seleina, foar Catrinus, faaks sels foar de oare personaazjes dy’t yn Piter Boersma syn boek foarbykomme. Mar it kin ek wêze dat iksels der te eilânsk nei sjoch. Ik skriuw dit besprek dan ek op Teksel, it eilân dat sa grutsk is op syn histoaryske bân mei Peaske-eilân (mar dêr’t mollen net foarkomme).

Molwrot is troch Boersma syn útjouwerij Hispel útbrocht as in roman. Foar de lêzers fan Ensafh wie it ek in feuilleton, yn dit tydskrift publisearre. Dat it plot sil foar guon noch wel bekend wêze: Seleina sit yn ’e wapenhannel, ûnderhâldt in eroatyske freonskip mei Catrinus en reizget mei Alexander, dy’t se út Belgrado ken, nei Parys om him in moard begean te litten, en nei Peaske-eilân om dêr in Mahlerfestival by te wenjen.
Seks, geweld en Mahler rinne yn Molwrot trochinoar, moard ferbynt. De lêzer krijt stadichoan yn ’e gaten dat Seleina as bern in moard begien hat, yn it doarp oan ’e see dêr’t se opwoeks, en dy moard makket har karakter. De oare moard, yn Parys, bringt noch wat faasje yn ′e plot – mar eins is Molwrot gjin plotroman, it is gjin detektive of sa. Hjir giet it foaral om dy personaazjes en harren ynteressen.

It libben as eilân
De personaazjes yn Molwrot binne as eilannen. Dat wolle se ek sa. Se libje harren eigen libben en oare minsken ha der neat mei te krijen. Seleina is hiel moai en hiel geheimsinnich. „Der is net ien dy’t sa ûndergrûnsk libbet as do,” seit Catrinus oer Seleina. It wurk yn ’e wapenhannel makket dat ek wol nedich, mar eins is dat wurk der net de haadreden fan sa ûndergrûnsk te bliuwen. Catrinus sels is ek gjin iepen boek, Alexander komme we ek mar in lyts bytsje fan te witten. As eilannen libje se, fan inoar wei, op in eigen tempo en leafst mei in eigen boattsjinst – net te faak oerfarre.
Freonskippen binne lytse gatsjes yn dizze diken tsjin de see, mar dy gatsjes bliuwe ek behearske:

Seleina har kundekring yn Amsterdam hie Catrinus gjin aan fan. Se hiene gjin mienskiplike kunde. Harren freonskip wie gjinien fan op ′e hichte, foar safier′t er wist. (s. 6)

Fansels besiket Catrinus wol om mear oer Seleina te witten te kommen, ek al respektearret er har grinzen en lit er har de redaksje dwaan. Se rint fuort as er fragen hat, mar beäntwurdet se dan letter dochs. De freonskip fan Seleina en Catrinus hat syn oarsprong yn har âld doarp oan ’e dyk, har feilich plak, dêr’t se sa graach yn gedachten nei weromgiet:

Se tocht oan it plakje ûnderoan ′e seedyk by Peazens dêr′t se altyd sa hearlik sitten hie, hielendal feilich. Se hearde it skrassen fan de seefûgels en folge harren glydflechten, hoe′t se dêrnei wer pal tsjin ′e wyn yn fleagen en hoe′t de fiskedieven boppe de grins fan seedyk en wetter mei wapperjende wjukken en de kopkes del yn ′e loft hongen te speuren nei bút. (s. 25)

Feilich is yn dit ferhaal in wichtich wurd. Feilich binne de personaazjes allinnich as se op harren eilân sitte, sûnder fan inoar in protte te witten, sûnder kontakt mei de measte oare minsken. Se bewege wol, dy personaazjes, sa as de Waadeilannen ek stadichoan bewege. Se reitsje inoar net. Hoefolle seks der ek wêze mei, it bliuwt by ferstowend sân. En dus by dy dyk, dy’t ek op it Peaske-eilân oanhelle wurdt:

Foar Seleina wie it as lei se op ′e skeante fan ′e seedyk by Peazens. En dan oan ′e seekant, ôfskerme fan it lân. Seleina seach der nei hoe′t wite wolken mei faasje foar de blauwe loft lâns dreauwen. Allinne de wolken boppe Peazens wiene kompakter. (s. 93)

Fansels komt de bûtenwrâld ek op dizze eilannen noch binnen. Echt ticht binne diken eins net. Wat dat oangiet is Peazens wol in symboalysk plak. Op it Peaske-eilân fielt Seleine har op ’e ein ek net feilich mear. Mar tsjin ’e ein fan ’e roman, is der ek foar Seleina wat feroare, en mei de see wer in bytsje tichterby komme.

De see
As de personaazjes eilannen binne, dan is dizze roman de see. Molwrot is in grutte see mei in protte libben en in protte kleur. Molwrot is de see dêr′t Mahler yn spilet, dêr′t âlde keunstners yn driuwe mei harren leafdes en harren wurken, de see dêr′t it Peaske-eilân yn leit, dêr′t de Seine yn útkomt en dêr’t Seleina oan opwoeks.
Fansels is Peazens en net Peaske-eilân it echte doel. Oan ’e ein fan ’e roman krijt Seleina it dan dochs oer har ferline yn dit doarp. Se is dêrtroch foarme, dat wist de lêzer ek al. Se hat ek in skuld dy’t fierder giet as de moard op Sybren Visser:

„It spyt my.”
„Ik koe dy man goed en mocht him wol. Ik ha dêrnei altyd yn ′e gedachten hân dat it ek in minske wie. Mar ja, hy hat mei Sjoukje dingen úthelle dy′t har foar altyd knoeid ha. Sjoukje is finzene wurden fan trije dingen: wat Sybren Visser har oandien hat, datsto him fermoarde hast en dat jimme it der nea tegearre oer hân ha.” (s. 230)

De see is sa grut, dy omklammet alles, dy is oeral. Dat is Molwrot net, fansels. Men kin jin der de djipte fan ’e see wol yn foarstelle, mar eins bliuwt it ferhaal sels oan it oerflak, in oerflak dêr’t de dialooch oan ’e ein net hielendal fan weirekket. It ferwyt, dat Seleina it der nea oer hân hat, jildt ek Molwrot sels in bytsje. Wat der djipper oan wêze kin, moat de lêzer derfan meast mar sels betinke. Sa besjoen binne alle ferhaaltsjes oer mollen en fûgels, oer Seleina en oer Mahler, oer Peaske-eilân en Parys, hielendal gjin oanwizings of motiven yn in plot, mar allinnich mar in betsjoening, as spul fan ′e djipte ôf. Dat spul wurket wol better as it plot en dy dialooch.

Ferhaaltsjes en lietsjes
It hjirboppe neamde spul is foar my ek de sjarme fan Molwrot. De lieten fan Mahler, yn it Dútsk werjûn, meitsje der in oar boek fan as it plot faaks tinken docht. Men kin it oan Molwrot sjen, dat it oars is: lis it iepen en de Dútske gedichten falle daliks op. Ek yn ’e tekst wurdt mei oare talen wurke, sa lêze we in ferslach fan Abel Tasman yn âld Hollânsk en komme der in protte plaknammen yn de taal fan it Peaske-eilân foarby. Der is in soad om yn te wrotten, in soad ek dêr′t in lêzer – iksels yn alle gefallen – mear oer fernimme wol. Net allinnich Seleina, de skriuwer syn heimsinnige en seksuele skepping, mar ek syn oare ynteressen, sa as Mahler en syn libben, fine tusken de ferhaaltsjes oer mollen en eilannen in plak om nei werom te wollen. Mar ik haw dan ek in swak op eilannen.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *