Teleks: Ljouwert wurdt literatuerstêd

logo.ensafh

Ljouwert heart tenei by in groep fan tritich stêden dy’t harsels ‘UNESCO-literatuerstêd’ neame meie. De UNESCO is in organisaasje fan ‘e Feriene Naasjes dy’t him dwaande hâldt mei ûnderwiis, kultuer en wittenskip. De organisaasje hat besletten en foegje Ljouwert oan ‘e list ta, om’t dy stêd in soad oan literatuer docht. Yn Nederlân is Utert ek in UNESCO-literatuerstêd. Yn Dútslân heart Heidelberg by de kultuerstêden.

De literatuerstêden moatte mei-inoar in netwurk foarmje, dêr’t se kennis en literatuer yn útwikselje. Se foarmje ek in ûnderdiel wat it netwurk fan kreätive stêden fan ‘e UNESCO. Dêr sitte neist literatuerstêden bygelyks ek muzyk- en filmstêden yn.

Boarne: It Nijs. Sjoch ek by de LC en Unesco

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *