Henk van der Veer

Clemens & August

logo.ensafh

 

Lapkepoepen su noemden se jum – ja dou Clemens en dou August !
soanen fan dy ondernimmende Johann Gerhard Brenninkmeijer
út ut skrale laan fan Mettingen toffelden jum over gòdferlaten wegen
naar ut onbekende Fryslaan om dêr op ut Oasterdyk beskúl te finen
boven un magazyn an de ekonomise slachader fan ut gastfrije Sneek

Die Kasse muss stimmen dat was fleurege Clemens syn sechje
dou gingst der nyt foar omlêgen August, met dyn ingetogen aard
wonst al dy evenredege Súdwesthoekboerinnen om ’e finger
de tekstylhandel konnen se wel an dij overlate: Ich bin immer billiger
– jaja C & A is tòch foardeleger wurdde nyt om’e nocht ut adagium –
en se loofden dij op dyn moaie blauwe ogen August

gyn wònder dat jum tegare in ’e loop fan de jaren
– C & A sinds 1841 staat wel eigenwys –
met al dy andere Roomse Brenninkmeijers
un knoert fan un tekstylimperium opbouden

de grandeur in simpele inisjalen
kleurt blau en road
ferloogend de oukomst fan
dy Lapkepoepen út Mettingen nyt!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *