Beart Oosterhaven

Feteranefolk

logo.ensafh

2019 wie in produktyf jier wat de feteranen ûnder de Frysktalige sjonger-lietsjesskriuwers oanbelanget. Begjin febrewaris kaam fan Sytse Haima (*1960) syn twadde solo-album Tsjin better witten yn? út en yn july respektyflik augustus ferskynden, fuort efterinoar, de cd’s Op ’n Paad fan Gurbe Douwstra (*1954) en Set ’m op fan Jaap Louwes (*1955) en syn begeliedingsgroep De Lossebinde.

Sizzenskrêft

Op ’n Paad is it fjirde album fan Gurbe Douwstra, nei Dizze stoarm (2001), Myn eigen paad (2005) en Thús (2010). De skiif telt yn krapoan fjirtich minuten tsien nûmers, allegearre op tekst fan ’e útfierder Gurbe Douwstra sels. Wat it sjongen oanbelanget, lit Douwstra him yn ’e koarkes bystean troch it natuertalint Gerbrich van Dekken. Syn eigen gitaar wurdt op syn jongste album omliste troch de ynstruminten fan in ferskaat fan muzikanten, dy’t Douwstra steefêst syn ‘freonen’ neamt en dy’t ûnderwilens ek hast allegearre wol feteranen yn ’e folk(s)muzyk neamd wurde meie. It binne: Johanna van der Veen (banjo, mandoline); Jan de Vries (dobro, mandoline, akkordeon, gitaar, mûlharpe); Wander van Duin (kontrabas, gitaar); Laura ter Beek (fioele); Chris Kalsbeek (Ierske bûzûky); Germ Dikland (perkusje) en Evertjan ’t Hart (fluit).

Mei help fan ’e neamde fakkrêften hat Douwstra, krekt as op syn foarlêste cd Thús, in Amerikana-eftich – hy neamt it sels leaver ‘Frisikana’ – , folky lûd kreëarre. Dat roots-oriïntearre lûd, ôflaat fan ’e autentike country, bluegrass, hillbilly en blues, past treflik by it timbre fan syn sjongstim en foarmet dêrmei de ideale ynbêding foar syn teksten. Op sa’n wize liedt de muzyk nearne ôf fan ’e ynhâld fan dy lietteksten. Krektoarsom: de muzyk fersterket earder de sizzenskrêft dêrfan!

Aldere dei

Gurbe Douwstra bliuwt yn syn lietteksten foar Op ’n Paad, wat de tematyk oanbelanget, ticht by himsels. De measte teksten hawwe nammentlik op ’e ien of oare wize te krijen mei it fenomeen fan it âlder-wurden en/of geane oer dingen dy’t er yn it ferline ris meimakke hat en dêr’t er no, op syn âldere dei, op weromsjocht.

Dat begjint al yn it iepeningsnûmer, mei in titel dy’t foar himsels sprekt: ‘As it myn tiid is‘. Op basis fan in prachtich adekwate begelieding fan gitaar, kontrabas en akkordeon, hâldt de sjonger yn dat nûmer syn neiteam (bern) op in treastrike wize foar, dat se der net te swier oan tille moatte, mocht it skielk sa súntsjeswei ris mei him nei de ein rinne:

Wês ek net tryst, ’t is sa’t it heart,
dat al wat libbet ienris stjert.
Mar leau my mar, ik mien oprjocht:
gjin inkel libben, lang of koart, is om ’e nocht.

En sa binne der mear nûmers dêr’t Douwstra út in beskate ‘berêsting’ wei yn reflektearret op (foarbye) saken. Yn ‘Lêste groet’ (op ’e wûndermoaie wize fan Steve Earle syn ‘Goodbye’ út 1995) bygelyks, giet it oer in misbetearde relaasje út in skier ferline. En yn ‘Gjin spyt’ reagearret er op krityk fan lju út syn omjouwing, dy’t fan betinken binne, dat er te folle weromsjocht yn ’e tiid. Syn reaksje dêrop is: ‘Ik die wat ik die, / stean by nimmen yn it kryt.’

Fak fan sjonger-lietsjesskriuwer

Dochs keppelet Douwstra ek geregeldwei it ferline oan it hjoed. Dat docht er yn ’e teksten dêr’t er it yn hat oer wêr’t er hjoed-de-dei noch drok mei besteld is, nammentlik syn praktyk as optredend sjonger-lietsjesskriuwer. Sa sjongt er yn ‘Oer de helte’:

Hjir stean ik op ’e bühne, lampen skine op myn hûd.
’k Ha dit fansels wol faker dien, ’t fielt noch altyd like goed.
Salang’t de skonken my noch hâlde, stap ik op it toaniel.
Want al wurd ik dan wat âlder, ’k bin sa jong as ik my fiel.

En yn it titelnûmer fan it album, ‘Op ’n Paad’, dêr’t it alhielendal yn giet oer it fak fan sjonger-lietsjesskriuwer:

Op ’n paad, de gitaren yn ’e koffer.
Op ’n paad, mei de holle fol muzyk.
Op ’n paad, ’t makket net út wêrhinne.
Ik ryd om my nei Futsjefinne,
want as ik mar spylje kin, fiel ik my ryk.

Protestliet

Behalve oer syn foarderjende âldens en dus syn noch altyd libbene praktyk as sjonger-lietsjesskriuwer hat Douwstra it ek oer it Fryslân fan hjoed-de-dei. En dan foaral oer it feroarjende Fryske lânskip. Dêr sjongt er oer yn in foech protestliet, in sjenre dat, nei it yn ’e rêst gean okkerdeis fan Doede Veeman (*1943), troch suver net ien Fryske sjonger mear beoefene wurdt. Gurbe Douwstra sjongt, wat my oanbelanget, ‘rake’ rigels yn ‘Fryslân stjonkt’:

Foar in nutteleas stikje asfalt moatte hiele bosken om.
Se kinn’ wol sizze, dat it wat tafalt, mar wat ferdwynt komt net werom.

En dan yn ’e kearsang:

Fryslân stjonkt, Fryslân stjonkt, mar amper mear nei kij.
De rook fan damp en fee, de earste snee, dat alles is foarby.
Fryslân stjonkt, Fryslân stjonkt, en wat ik rûk is mis.
’t Draait inkeld mar om ego’s, net om dat wat wichtich is.

Alles doocht

Op ’n Paad is, krekt as it hjirboppe neamde Tsjin better witten yn? fan Sytse Haima, typysk sa’n album, dêr’t men as resinsint winlik neat negatyfs oer sizze kin. Werklik alles oan ’e skiif doocht: de lietteksten, de treflik komponearre en útfierde muzyk, de superieure opnametechnyk en produksje (troch Martijn Engbrenghof respektyflik Harry Zwerver) en dito mastering (troch Darius van Helfteren), én ’e foarmjouwing fan ’e cd-slúf (troch ‘De Saak’ en fotograaf Piet Douma).

Gurbe Douwstra wit op syn âlde dei njonkelytsen krékt wat oft er as sjonger en muzikant kin en wol. Syn jongste album is dêr it libbene bewiis fan. It jout yn ’e tsien nûmers it iene foarbyld nei it oare fan bysûnder fitale Fryske feteranefolk.

Gurbe Douwstra: Op ’n Paad (cd}; Gurbe Douwstra Produksjes; Drachten 2019; www.gurbedouwstra.frl | gurbedouwstra@gmail.com | 06 – 51 06 60 19.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *