Anne Feddema

Yn ’t ferfal

logo.ensafh

Alles is slimmer fansels. Och heden, jo kinne genôch betinke. Tsunami’s, brân yn ’e Notre Dame, oarloch, komselden ‘likes’ op Facebook.
Ik woe it oars hjoed efkes hawwe oer ferfal dat foar de measte oare minsken bûten it sicht bliuwt. Utsein toskedokters en mûlehygiënisten. Of je moatte sjonger wêze yn in band en in hiel min gebyt fan ’e speed hawwe of soks. Dit giet oer myn tosken en kiezzen, ja, en ék oer dy fan jimme. Want lêzers: ik bin jimme en jimme binne my, no ja, yn myn kollums alteast.
Tusken kryst en nijjier, fan dy letargyske dagen, net om troch te kommen.
Omrinne yn piamabroeken mei halen, gatten en galen, tekstylmetafoar foar jo libben. Mar dan…hookstrooks…aksje! It gehak yn ’e koelkast, wie foar kryst en is net brûkt, is noch hâldber oant 28 desimber en it is…29…alsa…ballen draaie.
En sa as Tsjechov al seit: As jo yn ’e earste sêne fan in toanielstik ostentatyf in gehakbal opfiere moatte jo der wis fan wêze dat jo him yn ’e lêste sêne brûkt hawwe.
En dan steane je wer te bakken en te brieden, want in minske moat dochs ite en je hawwe de ôfrûne dagen ek noch neat hân ommers?
Trije kertierkes letter sitte je dan mei in stik bôle en in oanklaaide bal spesjaal en dan hapt it bekje wer mei in soad nocht en wille syn wei frettend as in âlderwetske Pacman…happehappesmyksmakkesmeitsje…lilkaardich mearke.
Kiezzen hurd op elkoar…lyts splinterke bien út it gehak dertusken en fiele je it.
O, o…gong dat goed? Falt it ta? De punt fan ’e tonge siket syn wei yn ’e mûlebrij.
De lape spier wit it earder as it brein en wurdt de boadskipper fan hiel min nijs.
Wat in gat, wat in holte…wát in leechte! Uneinigens…niiskrekt siet dêro noch in kreaze folling.
Soks is mear as genôch om my yn in djippe depresje te bringen, te ferdwinen yn in swart gat, it selde dat efterlitten is. Myn toskeboel dêr’t ik o sa wiis mei bin.
No moat ik wol nei de toskedokter en dat wurdt in swierrichheid…myn âlde is der mei ophâlden en de nije is slimmer as ‘der weisse Engel’ út ’e film Marathon Man, Googelje mar efkes lêzers. Yn hokker stik bin ik no wer yn ’e goedichheid bedarre?
No Anton Tsjechov…betanke foar dyn toanieloanwizings…de GEHAKBAL..it stik…de movie…de musical is opfierd…oan my. Ik wurd fegetariër, mar hoe dan ek gjin nutekreaker. Kiezzen of diele?…dat is de fraach.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *