Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XXVII

logo.ensafh

Sit der tsjintwurdich ris in flinter by de post, dan is dy ornaris printe op in roukaart. Sa’n flinter besiket it fertrietlike nijs in bytsje treast mei te jaan. It boadskip is dat de siele fan de ferstoarne har stoflik omskot ferlitten hat sa’t in flinter him oan syn kokon ûntwrakselet om nei boppen te flitterjen. Dy flinter – lês: de siele – is om sa te sizzen befrijd. Ek hat er yn syn metamorfoazes fan ûneachlike, krûpende rûp fia heimnisfolle kokon nei prachtige, dûnsjende flinter syn ultime steat berikt.

Lês fierder by Klaas van der Hoek

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *