Teleks: Feestlike ynstallaasje fan Lida Dykstra as Berneboeke-ambassadeur

logo.ensafh

Lida Dykstra sil woansdei 22 jannewaris feestlik ynstallearre wurde as Berneboeke-ambassadeur. It feest fan takom wike is it offisjele startsein foar Lida Dykstra as Bernboeke-ambassadeur fan Fryslân.

Lida Dykstra (foto: Barbara van Rijn/Bluet Foto)

De kommende twa jier sil sy de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan. Op School Loevestein op ’e Gordyk sil wethâlder Libbe de Vries yn it bywêzen fan alle learlingen de amtsketting by Lida om ’e nekke hingje, it teken dat sy offisjeel yn tsjinst is as Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân.

Lês fierder by It Nijs

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *