Cornelis van der Wal

Frysk-literêre sjuerys (ferfolch)

logo.ensafh

Achte lêzer, dizze kollum is eins in ferfolch op De ‘Moannefikaasje’ fan de Fryske literatuer, oer it tige aparte beneamingsbelied wat Frysk-literêre sjuerys oanbelanget. Dat stik hat blykber net holpen, krekt oarsom, it wurdt al mar slimmer… Diskear sil ik it hawwe haw it oer de sjueryleden Job Degenaar en Coen Peppelenbos.
Degenaar wie lid fan de sjuery dy’t de nije Dichter fan Fryslân beneame moast en Peppelenbos wie sjuerylid fan de Piter Jellespriis 2019. Yn in ynstjoerd brief oan de Ljouwerter Krante woe Degenaar ha dat de gemeente De Fryske Marren oan taaldiskriminaasje docht om’t allinnich Frysktalich wurk meidwaan mei oan de gemeentlike Kultuerpriis. Dizze priis is ynsteld om it brûken fan it Frysk yn de kulturele sektor te befoarderjen. Degenaar fynt dat blykber net nedich, sterker noch: hy wol dat de priis ek iepenstiet foar û.o. de ‘minderheidstaal’ Nederlânsk. Yndied, sa’t jo sizze, in tige tiishollige riddenearring. Wat hjir fan oerbliuwt is dat Degenaar him ferset tsjin it promoten fan it ‘kulturele’ Frysk. Terug naar af, sa skriuwt er. No mei Job dat fine, fansels. Mar wêrom nimt er dan sit yn in sjuery dy’t de Dichter fan Fryslân kieze moat? Of better sein: wa hellet it him of har yn ’e holle en freegje dizze anty-Fries foar sa’n sjuery? By it bekendmeitsjen fan de nije Dichter fan Fryslân Nyk de Vries (treflike kar nammers) lies Degenaar it sjueryrapport foar. Dêr kamen ek in pear wurdsjes Frysk yn foar, mar dêr weage Degenaar him mar net oan, sei er gnyskjend, en it publyk fûn it blykber ek hiel grappich. Ik haw net rjocht útfine kinnen hoelang’t de man al yn Fryslân (de Lemmer) wennet, mar it is yn elts gefal langer as 15 jier. En dan nei al dy tiid noch gjin wurd Frysk prate kinne…

No is Coen Peppelenbos oan bar.. Foar wa’t witte wol hoe’t Peppelenbos oer de Frysk-literêre wrâld tinkt is it folgjend sitaat tekenjend: ‘En de hele Friese schrijversbende en het Frysk Letterkundich Museum staat erbij te klappen. Ze kijken niet naar de inhoud en ze hebben geen barst verstand van literatuur en zien niet dat ze wegzakken in een moeras van zelfgenoegzaamheid. Het gedrag van autisten, maar die schijnen ook heel erg gelukkig te zijn in hun eigen wereldje.’ Nochris: ús Coen mei soks fine en skriuwe fansels, mar om him dan te beleanjen mei in sit yn in Frysk-literêre sjuery is wol hiel apart. Ik sil fierders gjin wurd mear oan dizze persoan smoarch meitsje. Googelje mar ris op de wurden ‘Peppelenbos Fries’, dan witte jo genôch.

Ik moast ynienen ek wer tinke oan de útrikking fan de Spiegel van de Friese Poëzie yn 2008 oan ien fan de grutste Friezehaters ever: Abram de Swaan. Ik haw dêr doe fûl tsjin protestearre, mar de literatuerbefoarderer T. Oppewal fûn it in hiel goed idee. De Swaan hat it boek doe grif as biomassa avant la lettre oan syn iepen hurd fuorre. It sit djip yn ús folksaard blykber, dy selsferachting.

Ta beslút werhelje ik myn wurden út De ‘Moannefikaasje’ fan de Fryske literatuer yn de hoop dat myn wurden dochs ris wat úthelje sille: wannear hâlde wy ris op mei ússels yn ’e grûn te wâdzjen?

1 reaksje op “Frysk-literêre sjuerys (ferfolch)

  1. Ja, sa is it! En salang’t skriuwers en Skriuwersboun dit nuvere sjuery-oansykjen akseptearje, feroaret der neat. Sjueryleden fan literêre prizen hearre spesjalisten te wêzen op it mêd fan de literatuer, en sjuerylden fan Fryske literêre prizen hearre spesjalisten te wêzen op it mêd fan Fryske literatuer. Dat, yndie graach gjin net-Frysktalige sjueryleden mear, gjin ‘gewoane’ lêzers, gjin sjoernalisten dy’t noch nea in boek skreaun hawwe, gjin boargemasters mei ‘kulturele belangstelling’, gjin amtners fan de provinsje, en sa kin ik noch wol efkes trochgean. Feroaring!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *