Teleks: Oprop ta it skriuwen fan in tige koart ferhaal

logo.ensafh

OPROP TA TIGE KOARTE FERHALEN FOAR DE LANGE KOARTPROAZAJÛN

Der binne al in skoft lûden te hearren yn literêr Fryslân dat Frysk proaza oan ’e krapperein komt mei al dy poadia, kollektiven en projeksjes foar poëzije. Proaza lient him likegoed om foardroegen te wurden, proaza is net allinnich foar ûnder de skimerlampe.
Frysk literêr tydskrift Ensafh hat dy útgjalpen heard en organisearret dêrom de Lange koartproazajûn op 27 novimber 2020 yn De Bogt fen Guné te Frjentsjer.
De redaksje fan Ensafh ropt elkenien op om in koart ferhaal fan net mear as 250 wurden yn te stjoeren.
Skriuwers fan de bêste ferhalen meie dy de jûns foarlêze en de alderbêsten wurde yn it papieren nûmer fan Ensafh publisearre.

Tresoar organisearret in kursus Koartproaza as jo op wei holpen wurde wolle foar it skriuwen fan in koart ferhaal. Yn trije jûnen wurde jo ûnder betûfte lieding fan skriuwer Koos Tiemersma ûnderwiisd en begelaat.

Klik hjir foar mear ynformaasje (pdf)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *