Aginda 08-03-20 o/m 19-03-20: ‘Grinsgongers’ literêr programma fan Baukje Zijlstra en Sytse Jansma

logo.ensafh

Hoe floeiber kinne taal en tinken wêze? Twa skriuwers dy’t wurkje yn in meartalige werklikheid sykje de grinzen op fan harren libbens- en tinkwrâld en de rol dy’t taal dêryn spilet. Tusken Ljouwert en Amsterdam, tusken Bogiakumu en Jakarta, tusken Charleston en Monster lizze wrâlden fan ferskil en oerienkomst. Sljochtet taal grinzen, of smyt taal just grinzen op? En wat docht it mei dyn wêzen asto in grinsgonger bist yn dyn eigen libben? Snein 8 maart, 15.00 oere yn Het Brouwdok yn Harns, freed 13 maart 20.00 oere yn OBE Ljouwert en tongersdei 19 maart 20.00 oere yn dBieb Burgum. Sjoch foar mear ynfo by Boeken fan Fryslân

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *