Jacob Bouwhuis

trajekt Hylpen — Warkum

logo.ensafh
It Soal 1963

Fier fuort krasten izers harren monotoane ritme
op it hymjen fan ’e eastewyn.
In mistich fjild
oardene stosnie
oer it útgreppele lân as ûngelikense pianotoetsen
hjir en dêr giel ferkleure troch kwalsteriis.

Lit my mar lizze neist dy wite bulte op it Soal
yn ’e ferskuorrende lijte fan keale reiden
de wazige eagen rjochte op it Sibearyske lege lân
fan ’e Warkumer waard
en op de swarte skym dy’t stadich
njonken in ûndersnijde dongbult
tusken stront en strie in ûngâns bedobbet.

Yn it feale lampeljocht
rôlet sêft in merakel oan wurden
oer de skonken fan de kealjende ko
mompelt bytiden de rigels fan in âld dichtstik
en lit de hûn it refrein hearre.

De winterwyn kreaket yn ’e bynten
rattelet oan it panstrutsen dak.

Stadich lûke, hâlde,
hâlde.
Moarnsskimer set him del op it neakene fuotpok
lûke,
efkes wachtsje
taaste hannen hoeden tusken bint en keallekop
klomsk stikje libben, klaaid yn swartbûnt fel
glidet 18 jannewaris temjitte,
Dora 4.

Lit my lizze yn ’e beferzen wettergroede foar de slûs
ynpakt yn maaitiidssnie mei
wite bloesem oan stikeltrie
tiidleas meinommen troch in flecht ljippen
en griene protterflerken
heger as it ljurkeliet
fier foarby it spektrum fan ’e sêfte reinbôge.

Bikkelhurd hingje de kjeld en
de keunstmjittige waarmte
om it eigen fertroude bedstee hinne
de wrede treast ferfrommele
ta in fodsje mei fiif stimpels
en in suterich rierrekeal.
 
 
 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *