Blog Jaap Slager: Moas syn omkearde tafels

logo.ensafh

The BeeDees (Bloomberg, Biden, Buttigieg ensfh.)
It ferwyt fan Bloomberg oan Bernie, dat er as kommunist gjin skop foar de kloaten wurdich is om´t er sels miljonêr is, rekket fansels igge noch seam. Is it ommers net just in teken dat er stiif yn ´e ankels stiet, as er mei al dy fuorring yn syn baitsje trou bleaun is oan syn prinsipes? En is it net just in teken dat der goede grûnen yn Bernie sitte, as er sizzen bliuwt dat rikelju mear belestings betelje moatte om de mienskip meiprofitearje te litten fan wat se efter it linnen hawwe? Dat makket him just ta in keardel út ien stik!
Nee, kommunisten dy´t alles nei evenredigens mei in oar ferpartsje wolle salang´t se sels gjin sint op ´e melis hawwe en ynienen neat mear fan in oar witte wolle sadree´t se der alhiel op kommen binne, DY binne gjin skop foar de kloaten wurdich. DAT binne opportunisten!

Lês fierder by Jaap Slager

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op