Beart Oosterhaven

Boudewijn de Groot ‘wertaald’

logo.ensafh

Oan ’e njonkelytsen moai lange rige fan albums dêr’t nasjonale en ynternasjonale artysten en groepen yn it Frysk op covere wurde, is ein ferline jier wer ien tafoege: Boudewijn de Groot yn it Frysk! Cees de Wolff fan Âldskoat hat foar dat album tsien besteande nûmers oerset. Of better sein: ‘wertaald’.

Popsongs yn it Frysk

En lit my it fuort mar sizze: Cees de Wolff en ’syn’ fiif útfierende artysten – dat binne: Grytz (= Grytsje Melchers, trije nûmers); Sipke de Boer (twa); Jan Dirk van Ravesteijn (twa); Adri de Boer (twa) en Jan Nota (ien nûmer) – hawwe wier net de minste bydrage levere oan ’e neamde rige!
Dy cover-rige sette yn 1989 útein mei Douwe Heeringa syn Brel in Fries (dêr’t er wurk fan ’e Belgyske sjonger Jacques Brel yn it Frysk op fertolke) en late fia ûnder mear albums mei wurk fan Bob Dylan (útfierd troch Ernst Langhout & Johan Keus yn 2004 en 2005), Cornelis Vreeswijk (troch Piter Wilkens yn 2006 en 2010), Leonard Cohen (troch 12 ûnderskate artysten ûnder de namme De Partisanen yn 2008), Johnny Cash (troch 20 ûnderskate artysten yn 2011), Status Quo (troch de gelegenheidsformaasje Stiet As Quo yn 2012) en The Rolling Stones (troch The Hangouts yn 2013) ta Gerard (Rinsma) & Grace harren cd It sûzjen fan ’e stilte en 17 oare popsongs ferivige yn it Frysk, yn 2017.

Boudewijn de Groot en Lennaert Nijgh

Boudewijn de Groot waard op 20 maaie 1944 berne yn in Japansk ynternearringskamp yn Yndonesië. Yn 1946 kaam de famylje De Groot werom nei Nederlân (Heemstede). Op it Haarlimmer Coornhert Lyceum trof Boudewijn syn leeftydsgenoat Lennaert Nijgh. Under ynfloed fan ’e hjirboppe al neamde Jacques Brel, mar foaral de eigensinnige Nederlânske sjonger Jaap Fischer, begjinne se tegearre lietsjes te meitsjen.
Yn oktober 1965 hat Boudewijn de Groot syn earste hit mei ‘Een meisje van zestien’, in troch Lennaert Nijgh makke ferzje fan in nûmer fan Robert Chauvigny en Charles Aznavour, ‘Une enfant’. It oparbeidzjen fan Boudewijn de Groot mei tekstskriuwer Lennaert Nijgh (1945-2002) sil oant likernôch 1977 gâns hits opleverje. Alles mei-inoar hawwe Boudewijn de Groot en Lennaert Nijgh mar leafst 76 lietsjes tegearre skreaun: Lennaert dus de tekst; Boudewijn steefêst de muzyk.

Nei 1977 docht Boudewijn de Groot it wat kalmer oan, mar der ferskine noch wol geregeldwei elpees en cd’s fan him, dy’t út en troch ek wer in grutte hit opleverje, lykas it fannijs troch Lennaert Nijgh skreaune ‘Avond’ (sjoch fierderop), dat yn 2005 op nûmer 1 stiet yn ’e Radio 2 Top 2000. Én Boudewijn de Groot bleau warber as live-artyst. Yn desimber 2019 kaam wat dat lêste oanbelanget it berjocht, dat der, nei noch ien toernee mei syn maten Henny Vrienten en George Kooymans ûnder de flagge fan ‘Vreemde Kostgangers’, yn 2020 in ein komme sil oan Boudewijn de Groot syn karriêre as optredend artyst.

Bekende(re) nûmers

Fan ’e tsien nûmers dy’t Cees de Wolff foar Boudewijn de Groot yn it Frysk! oerbrocht hat nei dy twadde rykstaal, is mar ien oarspronklik skreaun troch Boudewijn de Groot sels, nammentlik ‘At de reek út dyn kop fuort is’ (‘Als de rook om je hoofd is verdwenen’ út 1967). Oer dat sels-skriuwen fan lietteksten foar syn langspylplaten seit Boudewijn de Groot op side 8 fan syn boek Hoogtevrees in Babylon. Alle eigen teksten van 1963 t/m 2006 (Baarn, 2006) it folgjende: ‘Mijn tekstbijdragen op de eerste vijf lp’s beperkten zich tot slechts enkele, met uitzondering van “Nacht en ontij” [1969, B.O.], wat niet echt een “liedjesplaat” was. […] Na “Hoe sterk is de eenzame fietser” [1973, B.O.] hadden Lennaert en ik wat het schrijven van liedjes betreft een knipperlichtrelatie.’

Boudewijn de Groot hat dus wíér wol lietteksten skreaun. Yn it krektneamde boek steane allinne al 49 stiks! Wêrom’t Cees Wolff dêre mar ien fan brûkt hat, hat te meitsjen mei it feit, dat er foaral (de) bekende(re) nûmers fan De Groot fan in Fryske wjergader foarsjen woe. Dy lietsjes heugden him nammentlik it bêste, om’t se yn syn (befetlike) puberjierren in soad op ’e radio te hearren wiene (De Wolff is no in fyftiger). En dy bekende nûmers (hits) wiene no ienkear hast allegearre op tekst fan Lennaert Nijgh. Op sa’n wize krigen in plak op Boudewijn de Groot yn it Frysk!: ‘Verdronken vlinder’, 1966, oerset ûnder de titel ‘Fersopen protter’; ‘Naast jou’, 1966, = ‘Njonken dy’; ‘Onder ons’, 1967, = ‘Ûnder ús’; ‘Het Land van Maas en Waal’, 1966, = ‘It lân fan mar en wille’; ‘Welterusten, meneer de President’, 1966, = ‘Lekker rêste, menear de Presidint’; ‘Tip van de sluier’, 1980, = ‘Tip fan de sluier’ en ‘Avond’, 1973, = ‘Moarntiid’. Mei-inoar dus sân teksten fan Lennaert Nijgh, en dan ek noch foaral út de earste jierren fan Boudewijn de Groot syn karriêre as útfierend artyst.
De oare trije lieten dêr’t Cees de Wolff in Fryske tekst op makke hat, binne it al neamde ‘Als de rook om je hoofd is verdwenen’ fan Boudewijn de Groot sels; ‘De vondeling van Ameland’, 2004, = ‘De fûnling fan Amelân’ fan Freek de Jonge, en ‘Kinderballade’, 1976, = ‘Berneballade’ fan Gerrit Komrij.

‘Wertale’

Lykas sein, en oan in stikmannich fan ’e krektneamde Fryske titels is dat ek al goed ôf te lêzen, hat Cees de Wolff de oarspronklike nûmers net fan in letterlike, ‘literêre’, ticht by de grûntekst steande, Fryske wjergader foarsjoen, mar hat er se foar it grutste part ‘wertaald’.
De kar foar dat wertalen hat De Wolff taljochte yn in fraachpetear mei Groot(s) Heerenveen (edysje fan 21 desimber 2018). De Wolff seit dêryn, dat it letterlik oersetten fan ’e Nederlânske teksten dy’t Boudewijn de Groot sjongt, yn it Frysk net ‘wurket’. It giet der neffens him om, dat in tekst yn it Frysk sawat deselde ‘lading’ hâldt as yn it Nederlânsk. In nûmer moat oerbrocht wurde sa’t de oarspronklike tekstskriuwer it bedoeld hat, al moat de oerbringer dêrby neffens De Wolff wol sa ticht as ’t kin ‘tsjin it orizjineel oan sitten bliuwe’.
Lit ús no ris sjen hoe’t dat wertalen fan Cees de Wolff foar Boudewijn de Groot yn it Frysk! foar de hearen kommen is.

Deasûnde

It album iepenet mei it troch Grytz (Grytsje Melchers dus) songen nûmer ‘Fersopen protter’, de wjergader fan ien fan Boudewijn de Groot syn grutste hits ‘Verdronken vlinder’. It twadde kûplet giet yn ’e oarspronklike ferzje fan Lennaert Nijgh sa:

Als een vlinder, die toch vliegen kan tot in de blauwe lucht.
Als een vlinder, altijd vrij en voor het leven op de vlucht,
wil ik sterven op het water, maar dat is een zorg voor later.
Ik wil nu als vlinder vliegen, op de bloemen, blaren, wiegen.
Maar zo hoog kan ik niet komen, dus ik vlieg maar in mijn dromen.
Altijd ben ik voor het leven op de vlucht.
Als een vlinder die toch vliegen kan tot in de blauwe lucht.

Cees de Wolff hat dêr fan makke:

As ik in protter wie, dan fleach ik frij fan alles troch de loft.
En ik die neat tsjin myn sin en fan neat krig’ ik myn nocht.
Want ús heit dat wie ’n wrotter en ús mem ’n âlde snotter
en ús Wobke dy tocht dat er skielk farde op ’n kotter.
Mar ik woe my net bine en de frijheid ûnderfine,
dus ik fleach en socht it aventoer,
frij fan thús, oer de beammen en it krús op de toer.

Men hoecht gjin skriftgelearde te wêzen, om te sjen, dat Cees de Wolff bysûnder frijmoedich mei Lennaert Nijgh syn tekst omgien is. Ik leau, dat er yndied wol de lading/strekking fan ’e grûntekst yn syn wjergader fierhinne benei kommen is, nammentlik it fielen fan ‘frijheid’ yn ’e wiidste omfieming, mar om no de ‘vlinder’ te ferfangen troch in ‘protter’, giet my fierdernôch! Foar my ‘stiet’ in ‘vlinder’ nammentlik foar wat tears, sierliks, ‘lichts’ en poëtysks. In protter, foaral as dy fûgel fersopen yn ’t wetter driuwt, dêrfoaroer, stel ik my wat ‘bots’, foarmleazichs, ‘swiers/dûnkers’ en prozaysks by foar.
Yn it troch Boudewijn de Groot sels fan tekst foarsjoene nûmer ‘Als de rook om je hoofd is verdwenen’, ‘folget’ De Wolff yn earste ynstânsje yn it earste kûplet aardich ticht de begjinrigels. Dy geane by De Groot sa:

Valt het je op, dat de zon feller schijnt
als de rook om je hoofd is verdwenen?,

dêr’t De Wolff fan makket:

Falt it dy op, dat de sinne wer skynt,
at de reek út dyn kop fuort is?

Mar dêr’t De Groot dan ferfolget mei:

Valt het je op, dat de wind harder waait
als je ’m tegen hebt in plaats van mee?

komt De Wolff mei hiel oare rigels, nammentlik:

Falt it dy op, dat de wyn súntsjes waait
en de blêden bewege oan de beam?

Hjir waait it dus minder hurd as yn ’e grûntekst. Hoewol’t De Wolff yn ’e regel aardich goed de oarspronklike ‘sfear’ fan ’e nûmers yn syn Fryske wjergaders wit te treffen, hat er de wurdlike ynhâld fan dy nûmers tige frij werjûn. Literêr en artistyk sjoen, is dat winlik in deasûnde.

Njoggen poerbêste fertolkings

En dochs… Op ’e ien of oare mysterieuze wize ‘wurkje’ Cees de Wolff syn wertalings fan ’e lieten fan Lennaert Nijgh, Boudewijn de Groot, Freek de Jonge en Gerrit Komrij op Boudewijn de Groot yn it Frysk! wol. My tinkt, dat komt troch de lokkige kar fan artysten dy’t de nûmers yn it Frysk útfiere, mei foarop it geweldige talint Grytz (fan Grytz & Grize)! Sy nimt op it album op treflike wize de priisnûmers ‘Fersopen protter’, ‘Tip fan de sluier’ en ‘Moarntiid’ foar har rekken. Mar ek de fan ’e feestband De Suskes en ferskate solo-projekten bekende Sipke de Boer is yn ‘syn’ twa nûmers (‘Njonken dy’ en ‘It lân fan mar en wille’) yn topfoarm. En dat jildt allyksa foar de twa útfierings troch feteraan Adri de Boer: ‘De fûnling fan Amelân’ en ‘Berneballade’. Dy nûmers steane wat toansetting oanbelanget eksakt goed foar it berik fan Adri de Boer syn stim en oertsjûgje dêrmei oer alle boegen.
Jan Nota syn fertolking fan ‘Ûnder ús’ is gewoan neat mis mei en dat jildt ek foar teatermakker Jan Dirk van Ravesteijn syn útfiering fan ‘Lekker rêste, menear de Presidint’. Der is winlik mar ien nûmer, dat wat de fertolking oanbelanget wat út ’e toan falt. Dat is it hjirboppe al faker oanhelle ‘At de reek út dyn kop fuort is’. Dat liet wurdt ek songen troch Jan Dirk van Ravesteijn, mar dêr is goed yn te hearren, dat Van Ravesteijn fan-hûs-út net Frysktalich is. Sa sprekt er de diftong (twalûd) ‘fuort’ yn ’e titel hast út as [fwat] en kin er mear typysk Frysk-eigene lûden (klanken) yn Cees de Wolff syn wertaling net goed ta de mûle út krije. Dêrmei docht er de sizzenskrêft fan ’e tekst ûnderstek, om’t syn ’útspraak’ de harker ôfliedt fan ’e ynhâld fan dy tekst.

Bliuwt dus oer, dat 90 prosint fan ’e nûmers op Boudewijn de Groot yn it Frysk! poerbêst útfierd wurdt. Dat is ek méi de fertsjinst fan ’e muzikanten Peter Krako (gitaar), Jasper Westerhoff (toetsen/midy), Peter Jonker (bas) en Sietse Huisman (drums). Dy fjouwer hearen hawwe de komposysjes fan Boudewijn de Groot mei hert foar de saak op ’en nij ynspile yn ’e KEY-studio te Akkrum, dêr’t Rogier Trampe en Marc Binnema de muzyk en ’e sang fakkundich opnommen en mikst hawwe.

Komponist

Dat de cd as gehiel sa goed klinkt, sil ek mei de reden wêze wêrom’t Boudewijn de Groot séls, wilens de presintaasje dêrfan op 1 novimber 2019 yn ’e Noardewyn Live-studio fan Omrop Fryslân, wakker te sprekken wie oer it earste album ‘fan him’ yn it Frysk. De superieure útfierings fan syn nûmers meitsje ommers, dat de lang net letterlike oersettings fan ’e teksten troch Cees de Wolff suver fan ûnderskikt belang wurde. Boudewijn de Groot yn it Frysk! docht foaral rjocht oan ’e komponist fan ’e werklik skitterjende meldijen fan ’e nûmers, dy’t De Groot yn myn eagen earst en meast is. Op sa’n ‘wize’ hat hy himsels grif méár as werkend yn ’e Fryske ferzjes fan syn lieten!

Fryske flagge

By einsluten noch ien minpuntsje. Dat belanget de foarmjouwing fan ’e foar- en efteromslach fan it cd-boekje oan. Dêr is in prominint en pontifikaal plak op ynromme foar de Fryske flagge. Ik haw der alhielendal neat op tsjin as dy flagge brûkt wurdt yn it ramt fan sportmanifestaasjes of by folkloristyske oangelegenheden. Op dit album Boudewijn de Groot yn it Frysk! lykwols, misstiet dy flagge. Hy bringt my nammentlik de kwalitatyf treurige rige elpees, Alle dertien goed, yn ’t sin, dy’t min ofte mear deselde foarmjouwing hie. En dát wylst dit prachtige album Boudewijn de Groot yn it Frysk! no krekt in artistyk hichtepunt is!

Grytz, Sipke de Boer, Jan Nota, Jan Dirk van Ravesteijn en Adri de Boer: Boudewijn de Groot yn it Frysk! Tien nummers hertaald, uitgevoerd door diverse artiesten (cd); Eigen Behear; Âldskoat 2019; www.boudewijndegroot.frl .

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *