Josse de Haan

Ynstjoerd: BOEKEWIKE, FLAMINGEN, WADMAN en it FRYSK

logo.ensafh

Mei de panne op it dak kin ik de Nederlânske TV krije – DWDD en OP1 sjoch ik gauris. Op woansdei en tongersdei fyn ik OP1 it nijsgjirrichst, meidat ik de presintatoaren frij goed fyn.
Justerjûn op 5 maart gong it û.o. oer de boekewike fan dit jier.
De geskinkskriuwster Annejet van der Zijl en de direkteur fan de CPNB (Collectieve Propaganda Nederlandse Boek) wiene oanwêzich. Fan Van der Zijl haw ik in pear prachtige boeken lêzen – ‘Sonny Boy’ ‘Bernhard’ en ‘Jagtlust’ bygelyks. Se skriuwt non-fiksje, basearre op wiidweidige dokumintaasje. Dit jier hat se it Nederlânske boekewikegeskink skreaun – ‘Leon en Juliette’.

Yn in ynterview yn De Volkskrant fertelt se dat se op har sânde nei Ljouwert ferhuze. Har mem fûn dat se mei arbeiders yn kontakt komme moast en (dus) gong se nei in folkskoalle yn Ljouwert. Dêr praten de bern Ljouwerters of Luwwarders. Sij prate ABN (Algemien Beskaafd Nederlânsk). Ut it ynterview moatte je begripe dat se dêrtroch pest waard. ‘Ik heb het geweten dat ik arbeiders moest ontmoeten’ (se fûnen har in ‘suurtsje’).
As se letter op it grifformeard gymnasium komt yn Ljouwert (‘Geert Mak ging mij voor’), en de jonges doe’t se sechtjin wie belangstelling krigen, waard se wat gelokkiger. Se wenne yn Ljouwert oan ien fan de Kaden.

Yn it petear dat se hat mei Welmoed Sytsma en har kollega wurdt oer Ljouwert net praten. Sytsma stelt nijsgjirrige fragen oer it boek en wol graach witte hoe’t Amazon al foar de ferskining yn it Nederlânsk besleat dit boek yn it Ingelsk te publisearjen. Van der Zijl fertelt dat se al langer kontakt hat mei de Amearikanen yn ferbân mei in oare oersetting fan har.
De direkteur fan de CPNB is grutsk op dit boekewikegeskink, hoewol’t it in dokumintêr ferhaal is. Se seit mei klam dat dit geskink in oplage hat fan 600.000 eksimplaren. Se is ek tige bliid mei de oersetting dy’t yn Amearika ferskine sil.

Op dat stuit ferwachte ik Welmoed Sytsma mei de fraach: ‘Is dit geskink ek net yn it Frysk oersetten?’ Nee dus. Foar Van der Zijl, foar de CPNB en foar de redaksje fan OP1 wie dat non-ynformaasje.
Ik haw it TV-byld op swart setten en haw in tal menuten neitocht oer dizze sitewaasje. Yntusken haw ik 60 jier yn it Frysk skreaun en publisearre, soms ek mei oersettings yn it Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk, Spaansk en Dútsk – romans, poëzy, essays, toaniel, fisuele poëzy. In goeie fjirtich publikaasjes.
En dan dochst de TV oan dêr’t it giet oer in boekewikegeskink dat oersetten is yn dyn eigen taal en sjochst dat dy taal net bestiet.
Nettsjinsteande de skriuwster wenne hat yn it lân dêr’t dy taal sprutsen wurdt, nettsjinsteande it feit dat de ynterviewster deselde roots hat as ik.

Ien Flaming beweart yn Utert dat it Frysk stipe ha moat – miljoenen yn syn eagen – in oare Flaming yn Ljouwert fersmyt it Frysk yn syn museum, omdat soks de status ûnderminet, wylst yn Bayonne en bygelyks Bilbao it Baskysk njonken it Frânsk en Spaansk funksjonearret yn de musea. Ek in lytse taal!
It CPNB giet offisjeel akkoart mei in oersetting yn it Frysk (en sil it jild opstrutsen hawwe), mar docht yn de propaganda op TV oft dy net bestiet. In sjoernaliste dy’t bekend is mei de sitewaasje fan it Frysk, de gelegenheid hat om der wat oer te sizzen, negearret it feit folslein. De skriuwster fan it geskink, foar wa’t it Frysk net ûnbekend is, praat allinne oer de Amerikaanske oersetting.

Anne Wadman sei in pear wiken foar syn dea tsjin my: ‘Josse, as ik wer beginne koe soe ik yn it Nederlânsk skriuwe. Yn it Frysk bliuwst as skriuwer in iensume bodder.’ Soms tink ik itselde. Hokker doel hat dizze Fryske boekewikegeskinkoersetting tsjinne?

Josse de Haan, Hendaye-sur-Mer,
Maijos Baita – France (6 maart 2020).

1 reaksje op “Ynstjoerd: BOEKEWIKE, FLAMINGEN, WADMAN en it FRYSK

  1. In oersetting bestelle is makliker as in skriuwer útkieze, oansykje, oerlis mei hawwe, ensafh. Dat sil ien reden wêze: selde risseltaat, minder kosten, minder gedoch.. Twadde reden, net útsprutsen mar kin ek meispylje: men tinkt dat de Nl. boekewikegeskinken bettere boeken binne as wat Frysktalige skriuwers produsearje kinne. Tredde reden, net útsprutsen, mar kin ek meispylje: men tinkt dat yn it Frysk oersette Nl. boekewikegeskinken fan nasjonaal bekende skriuwers mear lêzen wurde sille as Frysktalige boekewikegeskinken troch Frysktalige skriuwers, dy’t sa bekend net binne – bygelyks om’t se gjin opdracht krije om in Frysktalich boekewikegeskink te skriuwen. Sirkeltsje wer rûn. Gau mei ophâlde! Dizze praktyk is in klap yn it gesicht fan my en myn kollega’s en helpt de Fryske literatuer inkeld mar djipper de bedelte yn.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *