Lomme Schokker

Post-boekewikeprakkesaasjes

logo.ensafh

Yn de boekewike hawwe jimme my net sjoen. Net op al dy eveneminten. Wat in drokte wie it op Knilles syn list! Yn de tiid dat alles noch ûnskuldich wie. Hoe koart noch mar lyn? Annejet yn in dûnsskoalle, Baukje dy’t alle grinzen oer gie, Bennie oeral thús yn Fryslân, Tsead fansels yn in kafee, Minno oer Douwe yn it dressoir, Anne en Edwin as bandido’s ferdwaald yn Amsterdam, Lubbert Jan as pop-up yn Burgum, Doeke yn Frjentsjer fansels, Jelle en Nyk yn de Drachtster bieb… En dan seine se dat de Fryske literatuer op stjerren nei dea wie.

Ik wie en bin net sa fan de eveneminten. De massa achternei rinne, nei alle kearen wat nijs. Al dy drokte, al dat gedoch. Gjin inkeld ferlet hie ik om my sjen te litten. Leaver allinne thús. Boekje lêze, kat op ’e skoat, Mozart op ’e radio. En om healwei alven nei boppen. Moarn wer in dei.

Ik bin ek net sa fan de ynstjoerde brieven nei redaksjes. Of om my te oppenearjen op Twitter. Wat is dat eins? Ik doch net mei oan dy kakofony. Ik net! It is my wol goed. Ik bin it oeral wol mei iens. As Okee boomer. Krekt watst seist, ik ha myn tiid hân. No, moai dan. Dyn probleem.

Ik wie it eins wol iens mei Abe. No ja, dizze kear. Dy doart teminsten wat te sizzen! Ik bin it ek faak wol iens mei Josse. Bygelyks oer dat oersetten. It Frysk moat de wrâld oer, blikstiender, de wrâld net oer Fryslân! Golle goede keardels, dy beide! Betûfte keardels. Mannen mei ynsjoch en oerwicht. Dêr binne der hieltiid mear fierstente min fan. Mannen fan kwizekwânsje. Katalysators fan de katarsis! Dy beide, dat binne nochris rebellen. Luzen yn de pels. Dwerslizzers.
Binne der noch mear fan dit soart anty-establishment pommeranten? Hawwe dy beiden gjin rebelleklub yn Fryslân? Of hawwe wy hjir in contradictio in terminis? Of binne sy sels de elite fan it Frysk literêre fermidden. Koe wêze, ik wit it net, ik wit neat en bin it oeral mei iens. It kin alle kanten op, net dan? De wierheid yn it midden en sa. It sil sa slim net wêze. Sa tocht ik der oer, foar de korona.

Dy boekewike yn Fryslân. Al hast wer ferjitten. Fryske skriuwers it lân yn. Om Friezen oan it lêzen te krijen. Hoe krije wy dat no foar inoar? Yn Jip en Janneke-taal? Ik haw myn bêst dien. It oersetten fan de Bouquet-rige? Komt der oan! Fryske ûndertiteling op de telefyzje! Wêrom net! Wy moatte earne begjinne. No is the time. Tiid by it soad. No is it  nea of noait. Dizze wike, oare wike. Gjin porno op it skerm, mar lêze! Do en ik. Wy allegearre. Ik mei de kat op ’e skoat.

3 reaksjes op “Post-boekewikeprakkesaasjes

  1. Jawis en seker, al wer, wer de wrâld yn en oer(sette)?! Yep, nei bûten mei de hannel. De grins oer (net allinnich by Wolvegea of gas jaan op de A7 nei it easten of westen) mar fierder en fierder en fierder…mar wêr hinne? Deule! Nei myn maat yn L.A.? Kunde yn Wales? Nei Josse op it súden oan? En wa de stjoerman of frou? En wa de stiper? Dat it kin is wol wis. Ik fernim it ‘on the road’, mei Eigentrieds en mei Pauper. Us eigen wurd (oerset en net oerset) hâld de harkers en de fûgelfaaien foar it wurd yn de besnijing en fêst en wekker…it relates … yn geef ingelsk. Oars sein, oerset en net-oerset, de dyk op! Hjir of dêr, east west súd noard…der op út….magic trips…in a school buss named furthur…immen?…soksawat?

  2. Tankewol, Lomme Schokker. Elite, anty-establishment, tsja. Wit net. Fan de earste oantsjutting merk ik net folle, en oer de twadde: ik wurkje foar de Fryske Akademy, ha ferline jier in tentoanstelling makke foar Tresoar, en tink no yn opdracht fan deputearre Poepjes nei oer in ynternasjonaal literatuerfestival yn Fryslân. It is miskien spannender en betink kwalifikaasjes foar ús kollega’s dy’t noai wat oars sizze as ja en amen en sels dat net. Koarkjebreidzjers, konfettystruiers, deade skiep?

  3. Konfetty struie, Abe? It liket my ta dat dêr de tiid net neffens is, sa’t it my ek net hiel spannend of in grutte keunst taliket om oare skriuwers sa denigrearend mooglik del te setten fanwege, ja, fanwege wat eins?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *