Teleks: JanMurk de Vries by gedicht Steven de Jong

logo.ensafh

Yn de fyftiger, sechstiger en santiger jierren hat JanMurk de Vries wurk levere foar guon literêre tydskriften. Earder hat der ek al omtinken west foar de rige tekeningen ‘Nagasaki’ yn Quatrebras (1956), mar yn 1958 waard yn itselde tydskrift ek in tekening fan JanMurk publisearre by wurk fan skriuwer en dichter Steven de Jong (letter ek wol bekend ûnder Steven H.P. de Jong). De tekening en it gedicht binne yn de bydrage ‘JanMurk by gedicht Steven de Jong’ te sjen. It is de lêste bydrage yn it dossier oer JanMurk de Vries.

Oer it dossier JanMurk de Vries
Yn elts wurk fan JanMurk de Vries (1919 – 2015) sit beweging: lange útsette linen yn it brede lânskip; de beweging fan it tij, tûken, hannen dy’t omheech rikke; de ferhâlding tusken minske en natuer, yn it sykjen fan de minske yn de kosmos en yn de bewegende minske ta syn omjouwing. Dat tema stiet sintraal yn de ‘Uneinige beweging’, dy’t fan 25 jannewaris ôf te sjen is yn OBE yn Ljouwert. Om de tentoanstelling hinne wurde ferskate aktiviteiten organisearre, ek mei literêre aspekten. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Tresoar. Troch de maatregels oangeande it coronafirus is OBE spitigernôch sletten.

Lês en sjoch fierder by SIrkwy

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *