Marcel Plaatsman

Net oer taalgrinzen hinne

logo.ensafh

Yn novimber skreau ik der ek al oer: as ik der de tiid foar ha, doch ik ûndersyk nei it Tesselsk, it eilândialekt fan myn famylje. Ik wurkje oan in swier boek, dêr’t alles wat ik oan Tesselsk fûn in plak fine sil, en ek wat ik net fûn en net wis wit. Mear as Tesselsk sil der yn komme, ik krij it ek oer oare dialekten, dy’t oan Tesselsk besibbe binne, en oer it Frysk.
Jild fertsjinje ik der eins net mei, it is in projekt njonken myn wurk as tekstskriuwer, mar ik doch wol „Taalpraatjes” en ik haw ek boekjes oer it Tesselsk skreaun, sa’t ik der dochs wat oan oerhâld. Fansels praat ik foaral op Tessel, yn it Tesselsk, oer it Tesselsk, mar it bart my ek wolris dat ik in lêzing jaan mei oan ’e „Overkant”, sa’t de wâl yn it Tesselsk neamd wurdt. Bygelyks yn it part fan Noard-Hollân dat fan Westfryslân hjit, en dêr’t de lju in dialekt prate dat in protte oerienkomsten mei myn Tesselsk hat.
Sa ûntduts ik dat net elkenien op myn fergelikings sit te wachtsjen. Dat Tesselsk fine se wol moai hear, dat ik mei it prate safolle ik wol, mar as ik dan begjin oer hoe’t Tesselsk op Westfrysk liket, of op Wiringsk, dan binne der dochs lju dy’t dêr net oer meie. Wiringsk, sizze se dan, is unyk, it is de eilântaal fan Wiringe! Ja, Wiringers kinne Tesselsk goed begripe en sa, mar ik moat net sizze dat it twa besibbe dialekten binne.

Yn Fryslân kin it twa kanten út. Dat de eilântaal in protte op Frysk liket en ek op Stedsk, dêr wolle de Friezen wol oan, sa is it dochs mei de oare eilântalen ek? Skiermûntseach praat moai Aldfrysk en op Skylge hat elk doarp syn eigen taal, Amelânsk sil wol in soartemint stedsk wêze en no, dan kinst fan it Tesselsk net oars ferwachtsje. Dat it noch wat mear tsjin it Hollansk oan leit as de eilântalen fan Fryslân, logysk. As dy taalgrins oars mar oerein bliuwt: Hollânsk is Hollânsk en Frysk is Frysk.
Mar yn myn ûndersyk giet it gauris fierder dan dat. Der binne ek oerienkomsten tusken Tesselsk en Frysk dy’t it Amelânsk wer net hat. De útspraak fan de „a” in „fan” en „man” bygelyks: sawol it Tesselsk en it Frysk hawwe hjir in o-lûd. Yn it Amelânsk is dat net sa klear en yn it Skiermûntseagersk heare wy dy „o” ek net sa. Sels yn it stedsk is dy „o” der net. Is it no Frysk, of dochs Hollânsk?
Ik kin der yn myn ûndersyk fansels moai oer prate: dat dy ûntjouwing, fan „a” nei „o” yn „man”, mei de Amsterdamske ûntjouwing fan „a” nei „e” (ûngefear „mejn”, „wejt nou mejn?”) te fergelykjen is, en dat dat o-lûd út it Frysk der ek yn Den Helder en op Wiringe is. Dat it yn in grutter ferbân stiet, dat it in „a” is dy’t in bytsje mear foar yn ’e mûle bedarre is. En dat it dêr sels op liket dat dy útspraak yn it Tesselsk âlder is as yn it Frysk. No!
Ja, dêr meitsje ik dan net oeral freonen mei. Frysk is Frysk en Hollânsk is Hollânsk, dat dêr op de eilannen en yn de Fryske stêden wat fan trochinoar rint, dat kin noch wol wêze, mar dat ek it Frysk sels eins in protte fan dizze ynslûpsels hat… Ja, wy witte it wol, jim Friezen witte it ek, mar it is net altyd leuk om it te fernimmen en hielendal net as it om saken giet, dy’t oars nea as ynslûpsels beskôge wurden.

Mar eins giet it net om ynslûpsels. It giet om ûntjouwings dy’t it Frysk, it Tesselsk en faaks it Hollânsk ek mei-inoar ûndergien hawwe. De taalgrinzen dy’t no sa yn ús taalgefoel sitte, binne der foar de taal sels eins net. Talen binne net oars as minsken, dy’t mei inoar yn kontakt stean, mei famylje oan alle kanten. Eilântalen binne der eins hielendal net. Wat ik as bern foar unyk Tesselsk oannaam, sjoch ik no werom yn it Frysk en it Wiringsk. Dat wie earst in bytsje apart, dat wit ik noch wol, mar no wol ik oare minsken oer myn skouder sjen litte wat ik sjoch.
Yn novimber skreau ik op dit plak dat de eilântalen it Frysk en it Hollânsk ferbine, dat ik dat moai fyn. Mar net elkenien wol oer dy taalgrinzen hinne. Sa kin in eilântaal as it Tesselsk ek foar mear ofstân soargje, foar ûngemak: dy eilanners lûke oan dy grinzen. Mar oars as men wolris tinkt, wol dat noch net sizze dat dy grinzen der dêrom net binne. It is krekt oarsom: ik lûk oan dy taalgrins omdat se dwers troch it Tesselsk rint, ik lûk deroan om my der oan fêst te hâlden. Dy grins, dat is ek in identiteit.

*

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *