Besprek ‘SIlke en miss Dee’ fan Baukje Wytsma

logo.ensafh

Silke wennet op in pleats yn in lyts doarp. Alle dagen moat se mei de bus nei skoalle. Silke hat it net nei ’t sin op skoalle. Twa famkes moatte har altyd ha. Se fine har te sleau, se fine dat se te stil is of dat se stjonkt. En juf sjocht de oare kant út. Silke fynt skoalle stom.
Flakby de bushalte wennet Jessy Dee mei har hûn Charlie en kat Fluffy. Sy hâldt fan taal, fan ferskes, fan ferhalen. Har hiele hûs is fol mei kranten. De muorren binne der mei behongen, se lizze as flierkleed op ’e flier en as tekken op it bêd. De minsken út it doarp fine it mar nuver. Wa docht soks? Se witte net wat se tsjin har sizze moatte, sa’n nuver krantewyfke dat ek noch in frjemde miks fan Nederlânsk en Ingelsk praat.
As Silke op in hjerstige moarn de bus mist hat, nûget miss Dee har út foar in beker waarme sûkelademolke. It klikt tusken Silke en miss Dee. Miss Dee is bliid mei Silke har selskip en Silke fielt har sa thús yn it krantehúske dat se miss Dee dingen fertelt dy’t se noch noait oan ien fertelt hat. Tegearre soargje se foar de bisten, prate se oer Ingelân en oer sterk stean. Se komme derachter dat se mear kinne as se tinke.

Lês fierder by besprekker Tjitske van Dijk

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *