Henk Nijp

Rinne mei Covid

logo.ensafh

It draven leit al in skoftke stil yn ferbân mei in ûnnoazele blessuere, net slim mar wol lestich. Gewoan rinne, kuierje, giet wol. Dan is der mar in bytsje kar ast dochs wat yn beweging bliuwe wolst. Mar yn dizze mâle tiden mei omfleanende firussen en in yntelligente lockdown yn it lân freget dat al wat oanpassingen. Gewoan sljochtweihinne samar in eintsje om is der net mear by. Dat moat mei ferdrach. Wy kinne noch wol in frisse noas helje, as dat mar net massaal bart. It is dus saak sa min mooglik minsken tsjin te kommen ûnderweis. Jûns let is dan in opsje mar dan sjochst hast neat fan de maitiidserupsjes en dy wolst net misse. It betsjut ek dat it momint dat baaskes der mei de hûn op út binne better mijd wurde kin. It docht lykwols bliken dat der net in spesjaal hûneútlitoerke is, lykas bygelyks melkerstiid. De hiele dei binne der hûnen ûnderweis al of net mei baaske. Op himsels is de hûn leau ik net in faktor wat besmetlikens oanbelanget mar fan de baas witst dat net. Hy sels meastal ek net. Dus sa’n man of frou dêr moatte jo mei in flinke bocht omhinne. Op de gewoane dyk is dat net in punt, romte genôch. Gewoan op tiid oerstekke nei de stoepe oan de oare kant. As wy dan op gelikense hichte binne, fleane nei it begroetsjen de klisjees oer de dyk. “Hâlde jim it noch wat út? It is wat! Nuver tiden meitsje wy mei. Yn ‘e oarloch koest de fijân sjen, no sjochst neat. Wy sille der mei ‘deale’ moatte. Folhâlde mar…” En dat alles mei oanmerklik mear spraakfolume as foarhinne. Minsken hawwe wol even tiid foar in praatsje, se hoege ommers neat. Gjin wurk dat ropt, gjin sjef dy’t fan alles wol, nei de winkel allinnich gau hinne en werom en om bar, en as it treft ek noch op in foarôf bepaald tiidstip. En de tún, och ja de tún, mar dy kin moarn ek noch en oars nije wike wol want ‘dit’ is noch lang net dien. Om noch mar ris sa’n klisjee te brûken.
Komst op it binnenpaad ien yn ‘e mjitte dan wurdt it in oar ferhaal. De betonplaten binne dêr noch net iens in krappe meter breed. Dan wurdt inoar foarbygean op oardel meter suver in probleem. Op sa’n fyftjin, tweintich meter foar it wierskynlike moetingspunt wurdt der fan beide kanten ynskatten hoe’t dit oplost wurde moat. Hifkjend sjocht men nei de tsjinpartij, stapt dy nei links of nei rjochts de berm yn? Ah, nei rjochts, … dan gean ik dus de oare kant op en sa soargje wy der mei-inoar foar dat der op syn minst twa meter firusfeilich nimmenslân oerbliuwt. Yn sân hasten rint men troch en as de ôfstân wer feilich genôch tocht wurdt, begjint der wer sa’n selde firuspraatsje.
As der dan nei ferrin fan tiid noch mear kuierders har melde wurdt it prekêr op it fuotpaad. De romte is mar beheind; oan beide kanten is wetter, oan de iene kant in sleat, oan de oare kant de feart, en de wâlen binne mar smel en sompich. En der moat al genôch feilige romte yn acht nommen wurde. Meastentiids is it praatsje dan al gau dien: “No wy sill’ fierder, ik moat noch nei de winkel, om húskepapier, haha. Sterkte!” De dielnimmende praters ferfolgje yn rap tempo har paad. En mei de kuierder yn oantocht wurdt inselde firusdûns opfierd.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *