Joute de Graaf

Sa net NDC

logo.ensafh

Je soenen je dochs dea-ergerje oan it lêzen fan in brief, dy’t in sjef fan NDC skreaun hat oan de meiwurkers fan harren kranten dy’t bydragen leverje yn de kultuersektor.
Yn dizze asosiale brief stiet: Yn de koroanatiid binne jim efkes net nedich…. de krante hat it dreech (wa net?). We moatte mei syn allen dertroch hinne. Ja, ja.
De brief azemt de sfear fan: ‘ga heen en blijf warm’.
It argumint is: jim hearre net by de meiwurkers dy’t ‘fitaal nijs’ bringe.
In minne brief, dy’t yn de kearn in asosjale toan hat.
Wit de sjef net dat syn bedriuw ek 90% leankompensaasje krije kin fan de Oerheid? Fansels wol, mar no gripe se yn de koroanatiid de kans te snijen yn de fleksibele skyl. Se ferwachtsje, sa skriuwe se, ek noch begryp.
Opfallend wie in paginagrutte meidieling yn de Ljouwerter, dêr’t ik op abonnearre bin, dêr’t de haadlieding solidariteit freget fan ús as lêzers om de krante te stypjen in dizze drege tiid. En dan komme se mei in list fan nammen fan pommeranten dy’t dat ûnderskriuwe. Maklik, de helte sawat, lêst op rekken fan de baas de krante. Dy lju kinne gau solidêr wêze!! Dat moatte je dan sels ek wêze mei jo personiel, NDC.
Om koart te kriemen, NDC naam de ferkearde ôfslach foar de meiwurkers oer dy’t gjin honorarium barre kinne om’t, sa is de redenearring, op harren terrein gjin nijs te melden is. Gjin teater, gjin kulturele byienkomsten ensafuorthinne. Ûnnoazele stikken oer in Nederlânske trainer yn Sina kin dan wol! No, dat is nijs.
Ja dach… Stel, de tsjerkebestjoeren skriuwe sa’n brief nei harren dûmnys… ‘De tsjerke is efkes ticht, jo preekje net, bedankt, gjin fertsjinst efkes’.
We roppe yn dizze tiid om nij tinken en solidariteit…
Je hoege as redakteuren mei sok praat nea wer oan te kommen yn in haadartikel as je sá mei jo personiel omgean. Ik soe as joernalist, as der wer ferlet is, wegerje om in stik te skriuwen foar sa’n krante.
Wa wit … komme se by it NDC ta ynkear. Oars riskearje se dat abonnees ek net mear solidêr binne.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *