Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 2, 2020

logo.ensafh

Redaksjoneel

Mei nocht, wille en ynmoed dit nûmer gearstald, wâlet foar it redaksjoneel dit yn my op.

De driuw
Om yn it Frysk literatuer te bedriuwen moatst knap eigensinnich wêze. Dochs? Of is it foar ien dy’t yn it Frysk grutbrocht is de maklikste wei? Kin hy of sy it miskien allinne mar foarinoar krije yn it Frysk? Wis it skriuwen yn it Frysk moat noch wol leard of byspikere wurde. Mar wat driuwt ien dy’t fan hûs út net Frysk praat om it Frysk oan te learen om Frysk skriuwer te wurden? Earne moat it skriuwen yn it Frysk, de Fryske literatuer oanlûkingskrêft ha.

Ek of allinne noch yn it Nederlânsk
Der binne skriuwers dy’t fan it begjin ôf oan sawol yn it Frysk as it Nederlânsk skriuwe of earst yn it Nederlânsk en dan ek yn it Frysk of suver hielendal op it Frysk oergean. Der binne guon dy’t fan it Frysk hast hielendal op it Nederlânsk oerstappe. Mar wa’t yn it Frysk de earste literêre stappen set hat sil it net sa gau hielendal loslitte. Ast skriuwst yn it Nederlânsk hast gau in grutter publyk en hast kâns om fan dyn skriuwerij libje te kinnen. It is foar de Fryske literatuer in ferlies as in skriuwer syn heil foaral yn it Nederlânsk siket, want dêr leit dan syn of har fokus. Miskien is dêr in kanttekening by te meitsjen. As in Nederlânsktalige skriuwer ek it Frysk brûkt soe dat statusferheegjend foar de Fryske literatuer wêze kinne.

Werom nei de kearn
De literêre wrâld (de Fryske en de Nederlânske) stekt enerzjy en jild yn it besykjen om de Fryske literatuer, de Fryske skriuwers om sa te sizzen út te setten yn it bûtenlân. Prachtich mar wat folle wichtigers wurdt fergetten. De Fryske literatuer hat eins gjin stevige basis en erodearret sels hjoed-de-dei, der is sprake fan stagnaasje. It ûntbrekt de Fryske literatuer op it stuit oan oanwaaks en nije skriuwers dy’t har oppenearje binne meast âlderen. It is moai dat se der binne. Se foarmje in oanwinst. Mar de jongerein lit it ôfwitte. It is net sa dat der earder alle jierren in pear jonge skriuwers by kamen en doe hiest ek wolris it idee: aanst is it oer. De Fryske literatuer is taai, mar jonge oanwaaks is der minder as earder en dat is foaral sa om’t it ûntbrekt oan jonge trochsetters. Is it skriuwen yn it Frysk, is de Fryske literatuer hieltyd minder wat dat jongeren lûkt en fêsthâlde kin? Ynspirearret de Fryske literêre wrâld, de Fryske literatuer net (mear) genôch. Hoe dan ek wurdt de ploech dy’t de Fryske literatuer oerein hâldt en trochjout lytser. Likegoed is it sa dat it Fryske literêre libben net eaget as in deade boel. Der bart fan alles. Mar tagelyk is der te min sprake fan in útgean fan eigen krêft, is der sprake fan ferwettering, wurde de skouders fierste min mei oertsjûging ûnder de Fryske literatuer set. Is it winst as in dichter syn nij wurk yn in twatalich boek útjout, sawol yn it Frysk as it Nederlânsk. De Fryske lêzer hat der neat oan dat de gedichten der ek yn it Nederlânsk yn stean. Giet it noch om Fryske literatuer? Men soe stelle kinne: it giet om literatuer en dy wurdt tagelyk yn it Frysk en yn it Nederlânsk oanbean. Moai betocht. Mar it is de fraach oft de Fryske literatuer sels der sterker mei komt te stean. Der wurdt troch Fryske útjouwers mei Fryske boeken nei de Frankfurter Buchmesse reizge. Dat liket te tsjûgjen fan it heech hawwen fan de Fryske literatuer. Tagelyk is it sa dat der al lang gjin aparte Fryske Boekewike mear hâlden wurdt, dat sein wurdt dat der net genôch goede Fryske proazaskriuwers binne om jierliks in boekewikegeskink skriuwe te litten en it dêrby te litten. Kin men stelle dat de Fryske literatuer wat hat oan bygelyks inisjativen as Explore the North en Ljouwert City of Literature, dêr sinfol op meidriuwe kin? Wat ûntbrekt is de ambysje, de ynspanning en ek de finansjele ynjeksje om foar mear ynterne krêft yn de Fryske literatuer, it Frysk literêre libben te soargjen en de mooglikheden foar de Fryske literatuer te fergrutsjen. It liket earder dat der krêften dwaande binne om de Fryske literatuer fersûpe te litten.

Ja, dit is in aaklike tsjinhinger fan ’e literêre krêft fan de bydragen yn dit nûmer, eins sa foar yn dit nûmer in ferfelende foarhinger. Sko it foar it lêzen oan kant. En de redaksje fan Ensafh hat wat betocht. Sjoch de oprop hjirûnder.

Piter Boersma

Oprop ta tige koarte ferhalen foar de lange koartprozajûn

Klik hjir foar de ynhâldsopjefte (pdf)

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *