Lomme Schokker

Wolken sûnder wyn

logo.ensafh

In moanne lyn kaam it my ynienen wer yn ’t sin: wat de âlde man dêr op it wetter te sizzen hie oer de wyn en de wolken. Ik bin nei boppen rûn en ha de papieren nochris opsocht.

Earst mar efkes it hoedatsa. In pear wike nei’t Crystal en ik yn septimber 1976 byinoar hokken op myn studintekeamer kaam berjocht dat har pake út Amearika nei ús ôfreizgje woe. Silst dy keure litte moatte, sei myn ferkearing, pake wol witte wat fleis ik yn ’e kûpe ha. Har heit út it Kanadeeske Kebek hie har mem sitte litten doe’t dy seis moanne swier wie, en de âldman woe perfoarst net ha dat er foar syn favorite pakesizzer no wer sa’n misslach yn taksaasje oer in frijer fan om utens meitsje soe.

Moatst der ek rekken mei hâlde, sei Crystal, dat pake dyn heit en mem moetsje wol, want by ús folk is ôfkomst minstens sa wichtich as it yndividuele karakter. Ik woe noch witte op hoefolle generaasjes soks werom gie, mar ik mocht har opfettings en foaral dy fan har pake net betwivelje. De measte yndianen, sei se, en foaral de Iroquois binne tige grutsk op wa’t se binne en wêr’t se weikomme. It binne ek krekt Friezen, tocht ik. It iennige dat se fierder noch kwyt woe oer har pake wie dat er yn de rie fan foarmannen yn de Onondoga Nation Reservation siet en dat dit yn alle gefallen foar har famylje nochal wichtich wie.

Pake Jaffard Cornplanter bliek aldergelokst in aardige man. Sosjaal, ekspressyf, gefoelich, empatysk en ien dy’t him maklik skikte nei de omstannichheden. Yn alles it tsjinoerstelde fan my en miskien dêrom koe ik aardich mei him skipperje. Us heit ek, al prate dy gjin wurd Ingelsk. Nei in heal oere makken dy twa mei in grouwe sigaar yn ’e holle in slach troch de tún om te sjen hoe’t de beantsjes en de lette jirpels der by stiene en ik wist dat it goed siet. Nei in bearenburchje, dêr’t pake net fiis fan wie, setten wy mei ús trijen ôf nei Jiskenhuzen. Bosken hawwe se ‘upstate’ New York by it soad, échte bosken dan, ik woe him leaver út in skouke wei ús wetterlân belibje litte.

En pake Cornplanter fûn it prachtich: de beammen yn it gelid lâns de diken, de ûneinige greiden, de griene flakten, de fûgels, de loften, de wiidten fan de marren. Ik ferhelle ûnderweis fansels fan ús ljipaaisykjen en it fierljeppen, fan it keatsen en ús reedriden, ik hie it oer ús taal en fertelde in pear ferhaaltsjes út Poortinga syn De Ring fan it Ljocht, dat ik in pear wiken earder kocht hie. Pake koe der net genôch fan krije. Yours is a proud country, sei er op in bepaald stuit, en dat wie no krekt wat ik hearre woe. De idylle fan in pronkskens, it koe net mear stikken. Ik ek net, tocht ik, en socht de eagen fan myn faam.

Om in oere of twa hinne, op it hjitst fan de dei, joech er oan dat ik my no mar ris stilhâlde moast en woe er ha dat ik oanlei tusken it reid. Earst bleau er in setsje sitten yn de waarmte fan de sinne, mei de eagen ticht en de rjochterhân yn ’t wetter. Doe gie er hoeden stean, midden yn it boatsje nêst de mêst, mei it gesicht nei de wetterkant, nei my ta oan it roer. Crystal siet op it foarein en wist blykber wat der komme soe, want ik seach dat sy in skriuwblok en in pinne út har rêchsek helle. Sy knypeage my ta en lei in finger tsjin har lippen.

Har pake begûn te praten yn syn eigen taal, de lûden hurd en krêftich, wylst er my de hiele tiid oanseach. Under it praten troch like it oft er grutter waard, heger en boppe alles útstike. Ik moast nei him opsjen, tsjin de sinne yn. Hy gloeide as hie er in ring fan ljocht om ’e holle. It kin wêze dat myn ûnthâld my nei safolle jierren parten spilet, oft dat ik troch de tiid hinne it moaier meitsje wol as it wie, mar yn alle gefallen bin ik der wis fan dat dit is wat er sei. Crystal is der net mear, mar har notysje mei de oersetting yn it Ingelsk leit hjir foar my op ’e tafel.

Ik rop de geasten op. Ik rop Gǎ-oh op en de winen fan alle kanten. Ik rop Djodi’kwado op, de twalippige slang rop ik op út de djipte fan dizze wetters. Ik rop de heit op út de sinne, de mem op út de moanne, de fûgels op fan dizze flakten, de fisken fol fan frede rop ik op. Harkje nei myn beaen. Dizze jongkeardel is hy dy’t berne is yn ’t wâld. Dizze jongfaam is sy dy’t ús de dei bringt. Harkje wat ik freegje: eagje beide bern. Jimme binne tegearre, no binne jimme troud. Salang’t de winen waaie.

Gǎ-oh, de grutte geast, hy huzet yn it hege noarden. Hy beweecht de eleminten. Hy blaast de fjouwer winen it libben yn: Bear de noardewyn, Panter de westewyn, Eland de eastewyn en it Reekeal de sudewyn. Salang’t dizze winen waaie, salang leit jimme it lok oan de fuotten. Mar tink derom! De dei sil komme dat kwealike wolken waaie sûnder wyn. War dy foar dy dei. It wetter sil omheech komme. De loften sille brekke. Fiifenfyftich folle moannen lang sil it skealik waaie. Dêrnei begjint de grutte geast wer op ’e nij. Sjoch jimme fruchtbeammen nei. Jou it libben troch. Wachtsje net.

Ik snapte der neat fan, koe him net ferstean. Nei syn lêste wurden stapte hy op de flier, joech him del mei de rêch tsjin in planke en foel yn sliep. Wy lieten him gewurde.

Ik haw altyd tocht dat wat er te sizzen hie oer de wyn en de wolken allinnich mei ús houlik te meitsjen hie, in houlik dat it in lytse fiif jier úthâlden hat. Mar sûnt in moanne tink ik dat it samar wêze kin dat er doe hiel wat oars foar eagen hie. Dat hy it hie oer wat der tsjintwurdich bart en dat wy noch minstens fiif jier oan dizze ûnfoarstelbere ellinde fêstsitte. It falt net mear te freegjen, op de winen fan de fjouwer streken sweve hy en Crystal al jierren oer de geastgrûnen. Tegearre, dêr doar ik net oan te twiveljen.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *