Kollum Aant Mulder: It is better dat de wein giet as dat er stiet

logo.ensafh

De siswize ‘It is better dat de wein giet as dat er stiet’ moast ik oan tinke, doe’t ik lies dat de diskusje oer it learplan Frysk wer fuortset wurdt. Dy siswize en oft it net better is dat de wein dochs mar stilstean bliuwt, hâldt my dwaande. Hoe sit it ek al wer mei dy diskusje. Foar hiel Nederlân waard foar alle skoalfakken/leargebieten bepraat en ôfpraat hoe’t dy fakken nei de takomst ta better jûn wurde kinne. Dat wurdt Kurrikulum.nl neamd. As de tiden feroarje, moat it ûnderwiis ek feroarje. Dat is alteast de gedachte. De skoalfakken binne ûnderbrocht yn njoggen leargebieten. It resultaat waard ferline jier op 10 oktober oan minister Slob oanbean. Ien fak/leargebiet ûntbruts. It Frysk! Dat fak falt ûnder de ferantwurdlikheid fan de Provinsje en dêrom sette dy sa’n selde learplandiskusje foar it Frysk op. Dat Kurrikulum.frl, dat rûn speak. Yn april ferline jier waard dúdlik dat de Provinsje der te min jild foar reservearre of it net goed oanbestege hie. Wa sil it sizze! De wein stie stil. Safolle wie wol dúdlik. Sûnt maart rydt de wein lykwols wer. Dat is hast in jier letter. Om oan de byldspraak fêst te hâlden, soe men sizze kinne dat it no suver op in fjouwerjen giet, om’t alles foar 1 oktober yn kalk en semint wêze moat. It Cedin mei no de karre lûke. Wat it Frysk en it ûnderwiis oanbelanget soe dat in goede kar wêze moatte. Likegoed bin ik dêr net wis fan. Ik kom dêr noch op.

Lês fierder by It Nijs

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *