Kollum Aant Mulder: Us swarte meiminsken

logo.ensafh

Black Lives Matter, dat is dúdlike taal. Sûnt de dea fan George Floyd wurdt op in grut ferskaat oan plakken troch grutte groepen dúdlik makke dat it sa net langer kin. It begûn allegearre yn Amearika en dat wie logysk. Sûnt binne protestaksjes en demonstraasjes yn tiden dat it hast net lije kin, oerslein nei oare dielen fan ’e wrâld. Dêr heart Nederlân ek by. De Dam yn Amsterdam, dêr begûn it wat ús lân oanbelanget allegearre. Dy demonstraasje late net daliks ta de diskusje dêr’t it om gean moatte soe, mar oft de demonstraasje al of net om de koroana ferbean wurde moatten hie. Sûnt hat hast elke stêd yn ús lân dy’t derta docht sa’n demonstraasje hân en de ein is noch net yn sicht. Ljouwert heart ek yn dat rychje fan stêden thús. De diskusje giet no ek oer wêr’t it oer gean moat, oer Black Lives Matter. Der is eins net mear in praatprogramma dat der net oer giet. Stânbylden waarden yn Amearika en Ingelân besmodzge en omhelle. Safier is it no te uzes ek.

Lês fierder by It Nijs

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *