Tweet Cornelis van der Wal: ‘Geen Friese naam’ fynt Sjoerd Bootsma

logo.ensafh

Yn 2022 komt der in Kultureel Festival yn Fryslân: ‘Arcadia’ .

Organisator en anty-Fries Sjoerd Bootsma: ‘Er is bewust voor gekozen om geen Friese naam aan de manifestatie te koppelen, in het buitenland moet altijd worden uitgelegd wat een Friese naam betekent’.

Boarne: Twitter

De útspraken fan Bootsma binne dien yn de L.C. fan 04-07-2020

3 reaksjes op “Tweet Cornelis van der Wal: ‘Geen Friese naam’ fynt Sjoerd Bootsma

  1. As jo besikers út it bûtenlân lûke wolle, is in Ingelsktalige namme handich, dêr haw ik gjin muoite mei. Dat haw ik wol mei de misliedende yndruk dy’t de namme ‘Arcadia’ jout. Fryslân is gjin ‘Arcadia’, earder it omkearde, it is in slachfjild dêr’t taal, fûgels, bijen en blommen belies jouwe. No kin it wêze dat Bootsma de namme synysk bedoelt, dan snap ik it. Of it wurdt krekt idealistysk bedoeld: sjuch, dy kant moatte wy op. Mar dat lêste ferhâldt him wer net sa hiel goed mei de winsk al dy bûtenlânske toeristen hjirhinne te heljen. Teminsten, as it idealisme wie, dan soest sizze dat net inkeld de fûgels en de bijen aansen op it programma stean, mar ek de bedrige taal (talen). En de oanstriid om de soarch foar diversiteit út te wreidzjen ta ék soarch foar it Frysk haw ik by de Bootsma’s fan ús provinsje noait net folle fan fernaam. Dêrom – hoe moatte wy dat ‘Arcadia’ no begripe?

  2. @Abe…net, der falt neat te begripen, it is plat ‘hipster-talk/praat’…suver elitêr mar hjir kin ik fansels mis mei wêze … nee, plat hip 2020 praat…Eisteddfod!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *