Ed Knotter: It Frysk wurdt ûnderdrukt yn ‘Friesche’ kranten

logo.ensafh

In foarbyld út it Friesch Dagblad

Taaldiskriminaasje
Fonology giet oer lûden yn de taal, mar kriget yn it ûnderwiis net folle omtinken. Der binne in protte minsken dy’t by lûden (klinkers) oan letters tinke. It is dêrom hiel goed dat Peter Nieuwenhuijsen dat fersin dúdlik makket yn alve artikeltsjes yn it Friesch Dagblad. Moaie stikjes yn de sneonskrante. Wat kin dy man dat helder en mei humor útlizze. It is syn fak, nearlandikus-taalkundige en dosint taalkunde, en dus kinne wy in soad fan him leare.

Mar wy leare ek in hiel soad nét fan him en dat is o sa spitich, of slimmer noch, it is in foarm fan diskriminaasje, want men sjocht in systematyske iensidigens. Dat leit him net allinnich oan Peter Nieuwenhuijsen, mar ek oan de krante. Kranten einliks, want yn suver alle regionale en lokale kranten yn Fryslân sjogge wy itselde ferskynsel: de ferhâlding fan it oanpart Hollânsk en Frysk is hiel bryk.

Lês fierder by It Nijs

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *