Blog Sigrid Kingma: Gjin skoaldichter

logo.ensafh

In pear wiken ferlyn bin ik frege om De Schooldichter yn Grins te fertsjintwurdigjen. Dat like my yn earste ynstânsje krekt wat foar my. Ik skriuw al in soad foar bern, kom faak op skoallen, al is dat dan yn Fryslân, en fyn it moai om workshops te jaan. It like op myn liif skreaun. Ik soe kwa poëtyske kennis en edukative kwaliteiten wat bydrage kinne oan de formule om’t ik yn it moderne ûnderwiis sit. Tige aardige minsken ek, dy’t graach oare dichters helpe wolle om te libjen fan harren passy. Dat like sa, oant ik it kontrakt seach. Ik moast earlik sein efkes opsykje wat ‘franchise’ ynhold, want ik fûn it mar in aparte bedoeling om moanliks betelje te moatten foar myn wurk. Net te sunich ek, fûn ik. Foar itselde bedrach kin ik wenje, al sitte wy foar in dûbeltsje op de earste rang.

Lês fierder by Sigrid Kingma

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *