Blog Ypie Bakker: Boereprotest

logo.ensafh

As er in overal oan hie en syn snusterige, brungrize pet airodynamysk op ‘e holle stie, wie er it stereotype echte boer; rûch as tou, hurd op hûd en gjin oare stof ta petear dan oer it boerebedriuw. Wannear ‘t er ús yn dy hoedanichheid nei de middelbere skoalle brocht – dat wie by hege útsûndering by striemin waar – wiene wy bliid dat er mei syn 1,68 amper boppe it stjoer út kaam. Om te rêden wat der te rêden foel, bekroaden we ús allinich oer dat part fan him wat sichtber útstuts. Fan ‘e achterbank ôf kaapten we syn pet en keamden it platpluzich prukje hier, foarsafier dat noch mooglik wie, yn model.

Lês fierder by Ypie Bakker

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *