Teleks: Relypriis foar twa ferhalen en ien fers

logo.ensafh

Relypriis foar twa ferhalen en ien fers

De Rely Jorritsmapriisfraach hat dit jier trije winnende bydragen opsmiten, twa ferhalen en ien gedicht. Elmar Kuiper, Jorwert wint in Rely mei it ferhaal ‘Ni Hao’, Sjoerd Bottema, Weidum mei it ferhaal ‘Total loss’. Syds Wiersma út Ljouwert kriget de priis foar syn gedicht ‘It famke’. Foar de 66ste edysje fan de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 88 ynstjoeringen ynkommen, 56 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl. De prizen fan € 1000 elk wurde op sneon 3 oktober útrikt, fanwege de koroanabeheiningen yn lytse rûnte.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *