Piter Boersma

Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 3, 2020

logo.ensafh

 

 

Redaksjoneel

Dit nûmer begjint mei in nogedicht fan Edwin de Groot:

gjin miste woartelstokken dêr’t noch in leat út omheechsjitte kin
of koppige pitsjes dy’t yn lytste holtsjes ôf sitte te wachtsjen
oant it klimaat in oar gesicht sjen lit

In nogedicht is ek dat fan Anne Heegstra:

Krieën gekjeie, krasse harren leafdeslieten.
Nijsgjirrigens docht harren swijen yn krunen
om’t oer it grint ienlik fjouwer minsken geane.

Mar der is wat dat oangiet mear. Wat Anne Feddema yn it gedicht ‘19717’ fertelt hat ynienen in konneksje mei no en it slagget Hein Jaap Hilarides om syn besprek fan de troch Lubbert Jan de Vries gearstalde bondel mei Amerikaanske outlaw- en beatpoëzij Eigentrieds ôf te sluten mei: ‘Mei it fers it sied wêze yn dizze tiden fan firus. De bondel fan De Vries kaam presys op it goede momint. Want ‘alles is al bard, sil hast barre, bart no’.’

It spesjale fan literatuer en alle keunst is dat it in yntinsivearjende wurking ha kin, jin meinimt, jin de eagen iepenet foar jinsels, foar in oar, foar it minsklik bestean en de wrâld yn al syn ferskriklike, prachtige en wûnderbaarlike fasetten.
Sa as bygelyks yn it no- en altydgedicht fan Cornelis van der Wal.

Literatuer wiist ek altyd werom nei it medium dat der foar brûkt wurdt: de taal. Hiel flitsend bart dat yn de bewurking troch Jacobus Q. Smink fan it bekende mearke ‘De kat mei learzens oan’. Smink boartet mei in klankassosjaasje dy’t it Frysk biedt en jout it ferhaal de titel ‘De geleardste kat’ en hoe wûnderbaarlik past dat dan ek noch, want de kat is ommers de snoadste fan allegear. Dêr springt jins hert fan op.

Yn dit nûmer stean foaral ferhalen, te folle om op te neamen. Dizze Ensafh einiget mei ien dêrfan, ‘It lêste doelpunt fan Finnbogason’ fan Ruerd Smaling, om’t dêryn it ferhaal sa prachtich opboud wurdt nei de klimaks.

Klik hjir foar de ynhâldsopjefte

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *