Josse de Haan

RELYRALLY20

logo.ensafh

56 dichters en dichteressen ha dit jier har bêst dien en skriuw in fenomenaal fers foar de Rely-Priisfraach. Fryslân hat in soad poëten, en guon binne by steat goeie en nijsgjirrige poëzy te skriuwen.
De RELYRALLY20 hat lykwols mar ien priiswinnend gedicht oplevere – 55 fersen koene net foldwaan oan de noarmen fan dizze sjuery fan 2020. 1 fan de 56? Dat is heel apart.

Ik sjoch in tal mooglikheden oangeande dit debakel:

1 de leden fan dizze sjuery hawwe jierren poëzykunde studearre, hawwe tsientallen essays oer poëzij skreaun, en hearre dêrtroch by it puikje fan de literêre krityk, sadat har kar heel skerp west hat, en de latte dy’t se brûkten te heech wie foar dizze provinsjale famkes- en jongespoëten.

2 it iennige bekroande fers moat wol sa goed wêze – skreaun troch ien fan de bêste Fryske dichters – dat al dy oare 55 weromfoelen yn de grize midsmjittichheid fan de amateurs.

3 de winner – S. Wiersma – is bûten syn eigen persoan en mooglikheden sketten mei help fan bûtenierdske krêften om 55 kollega’s knockout te slaan yn de earste ronde.

Ik wie ien fan de 55 ôfwiisde skriuwers. Yn 1968 wûn ik in Relypriis mei in fers – seach dat ik dit dus koe – en haw nea wer oant maaie ’20 in fers ynstjoerd.
Sûnt jannewaris l.l. wie ik dwaande mei it sammeljen fan al myn poëzy dy’t ik skreaun haw sûnt begjin sechtiger jierren. Ik fûn in pear nijsgjirrige dy’t ik nea publisearre hie en/of earne ynstjoerd.
Ien fan dy fersen haw ik brûkt foar de Rely20 – in wintersk fers mei heel wat metafoaren, basearre op in reëel barren op âldjiersnacht ’86. Myn leafste (oant no ta) wie foar it earst by my mei kryst yn Amsterdam; it wie de twadde kear dat we elkoar moeten. Aldjiersdei haw ik har Fryslân sjen litten.

WINTERNACHT MEI MARIA T.
(Aldemardum, 31-12-’86)

sniekerlen siedzje ljocht
klif en loft pearje winters
beferzen tonge –

froast groeit pikefel op ’t liif
nêst en fûgel krûpe yn har skulp
stjurre jiske –

sweltsjes skûleblinkje yn ús hier
skaad en moanne rinne yn inoar
nachthûd glinsteret.

ps: ‘nêst en fûgel…’ is fan A. Roland Holst.
It hele ferhaal fan Aldemardum stiet yn myn roman PASSY’S
dy’t meikoarten ferskine sil by de Afûk.

4 reaksjes op “RELYRALLY20

  1. Wat?! Gjin priis foar de grutte Josse de Haan? Dat kin fansels net! Dan moat it wol oan de winner, oan de organisaasje, oan de sjuery of oan it waar lizze…
    Allinnich de reaksjes al fan de ferûngelykte Poëten as josels en earder de gûlende Friduwih Riemersma op Fers2 hawwe de Rely dit jier ta in grut súkses makke. Minne ferliezers, wat litte jo jo hearlik kinne mei dizze bitt’re bernetrientsjes.

  2. Bêste ‘Elckerlyc’, graach tenei mei jo eigen namme reagearje.

    Redaksje ensafh

  3. Earst: ik ha neat ynstjoerd foar de Rely 2020; it wie my troch it sin gien, hie oars wol ferlet dan bedrachje. Feline jier al en ik hie mysels al in rêchje tarekkene, mar nee; it wie wer subtop!
    Fjouwer jier lyn belle Piter de Groot my oft ik in sit yn de redaksje nimme woe. Dat is in kontrakt foar trije jier plus yn it tredde jier in adekwaat ferslach op papier yn Ensafh. Yn alle earnst haw ik him doe frege oft ik hannelje mocht yn de geast fan Rely Jorritsma: 10 % kriget in priis, dus sa kaam ik yn de sjuery. Op ien ferhaal nei dat per ûngelok de anonimiteit skeind hie, ha wy: Karen Bies, Tryntsje van der Steege en Ulke Brolsma maksimaal bekroane kinnen. It wie in maksimaal stânpunt fan ús as juery en sa kaam it goed te plak: 5-5-2015/2016, 5-4-2016/2017 & 5-5-2017/2018.
    Us Rely Jorritsma stjoerde ea ris tsien gedichten en gjint fûn genede yn de redaksje fan De Tsjerne… Rely koe him net begripe dat sels 1 fan de 10 it net helle by de pommeranten.
    Alle jierren komt der in nij sjuerylid by en falt der ien ôf. De ynfloed fan de nijeling wie lykwols sa grut dat it 10 % prinsipe foel feline jier oan diggelen. De nijeling wie in sels ynnommen pretbedjerder, in skoalmaster o sa wiis mei himsels dy’t himsels heger hie as de dichters / skriuwers dy’t mei ynmoed skreaun hiene. Ik neam gjin nammen, mar kinst it sa neisjen wa’t de eigenwize spulbrekker is.

    By de útrikking fan de Gysbert Japikspriis oan Aggie van der Meer l.l., seach ik him stean mei de knibbel omheech tsjin it omsittend laach. In big grijns op de harsens. Ik neam gjin namme, want dat is te folle eare foar it nearzich mantsje dat himsels heger hat as wa ek, ba wat in naarling. Nea hat er ta meardere eare tocht oan in oar, nee oan him kaam de eare ta dat er sa strang wie, jawis strang , mar net rjochtfeardich. Wat in misliksma.

    Josse de Haan hat Rely Jorritsma finaal goed begrepen.

  4. Goeie ,Kobus –
    ik fûn de utslach bryk, absurd en leechachtsjend oangeande us poëzy. Nei in 50 jier woe ik sjen hoe’t de hazzewynhûnen rûnen – oare kritearia faaks, minder poëtysk as myn generaasje, nije metafoaren of minder engagearre kritysk?
    1 fan 56, dizze winner en de nammen fan de sjueryleden soargen dat ik dit kommentaar yn ensfh skreau. Bliid datsto ‘finaal goed begrepen ‘ hast wat ik sizze woe – in dichter, in taalman, in literator.
    Groet ut Hendaye-Baskenlân – Josse

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *