Teleks: Fryske skriuwers kreauwe oer Rely Jorritsmapriis

logo.ensafh

Is de sjuery fan de Rely Jorritsmapriis wol profesjoneel genôch? Dêr liket it debat oer te gean dat op it stuit op ynternet fierd wurdt. Friduwih Riemersma hat in kritysk stik skreaun en Koos Tiemersma reagearret dêrop.

Frou Riemersma hie in stik ynstjoerd foar de skriuwwedstryd. Hja krige wat letter fan Tresoar yn Ljouwert in folder opstjoerd oer skriuwkursussen en krige letter in brief dat hja net wûn hie. De folder beskôge hja as in meidieling dat hja neffens de sjuery “net bêst” skreau. Hja hie frege wêrom’t hja net wûn hie, mar de sjuery skreau dat se it net oan tiid hiene om elke ynstjoering te besprekken. Dat skriuwt frou Riemersma op Fers2. Hja freget har fierder ôf oft de sjuery wol profesjoneel genôch te wurk giet, bygelyks troch de stikken te besjen sûnder de namme fan de auteur te witten.

Lês fierder by It Nijs. (Ek wichtich yn ferbân mei de reaksjes)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *