Thøger Jensen, Geart Tigchelaar

Fiif ferhalen fan Thøger Jensen

logo.ensafh

Thøger Jensen – I vores familie kan vi ikke lide ubåde (Borgen, 1998)
Oersetting: Geart Tigchelaar

Hy hie ea in kolly hân

No hie syn mem har beklach wer dien oer har skoandochter. Hy hat nea wenne kinnen oan dy mem. Tajûn, it wie net de perfektste frou dy’t er foar himsels útsocht hie, mar it wie yn alle gefallen net oan jins mem om jin dat witte te litten. Se krige nea har nocht fan it kleien. Sa wie se bgl. ek net tefreden mei syn pensjoentegoed. Hja litte, dat wie hiel dúdlik.
As syn mem in hûn west hie, hie er har ôfsketten. Of hie er it de buorman dwaan litten. Om syn eigen hûn ôf te sjitten wie úteinlik syn saak. Hy hie ea in kolly hân dy’t brongitis skipe. Elke oanfal koste 45 kroanen oan medisinen en dat koe sa net lang trochgean. Hy hie ’m troch syn neef ôfsjitte litten.

 

 

Hja prate oer de sinne en de sinesapels

As hja út en troch ris tegearre binne, se hawwe bgl. net altiten sin om mei har mannen nei de jachthaven ta om de boat te besjen, prate se faak oer doe’t hja yn in kibboets wienen. Dêr hawwe hja inoar feitliken moete. Se prate oer de feestjes en de jonges. Oer it swimbad. Oer de sinne. En fansels ek oer de sinesapels. Hoe’t dy smakken wannear’t it in inkelde kear nachts reind hie. Se prate ek oer it slavewurk op ’e plantaazjes, mar faaks wie dat dochs net sa slim.
Ien fan harren naam in sinesapelskjirre mei nei hûs nei Denemarken. In aardich sûvenierke dat net allinnich foar de moai is. Hja brûkt somtiden de skjirre om de apels út te tinjen, dy jierren as se te ticht opinoar sitte.
– Sju, seit se en knipt in apel fan de coxapelbeam, hy docht it noch.
– Ja, anderet de freondinne en nimt de apel yn ’e hân. Hja hâldt ’m omheech tsjin de sinne, knypt de eagen in bytsje ticht en byldet har yn dat it in sinesapel is.

 

 

Us mem nimt noch altiten minne foto’s

Doe’t ik myn earste krystkado krige, barste ik yn triennen út. My is ferteld wurden, dat it ûnbidich grutte pak lûd joech dêr’t ik sa kjel fan waard dat ik ûntreastber wie.
De koesbear wie fan ús pake en beppe, en ús mem hat har skoanâlden nea ferjûn dat hja my dy ûnopsetlike bak smard hienen.
Sy kin der ek net oer dat ús heit in hoed op hat.
Op in foto fan neat dy’t fjouwer jier letter makke is bin ik opholden mei gûlen. De koesbear stiet ek op it kykje. Ik druk ’m stevich tsjin my oan en glimkje. It is ús mem dy’t de foto sketten hat.
Op deselde dei reizget ús heit it hiele ein fan Súd-Jutlân nei Kopenhagen om pake te begraven.
Letter stjert er sels ek.
Op ’e boaiem fan syn kleankast fyn ik in kartonnen doaze mei in griisgriene borsalino en myn bear. Dy seit neat mear as ik ’m op ’e kop set. Ik smyt de bear fuort en set de hoed op.
Us mem nimt noch altiten minne foto’s.

 

 

Mar dat is net fanwegen de slachrjemmetaartsjes

Syn nijste freondinne hjit fan Anette. Njonken har stúdzje hat se in baantsje by in bakkerij oan Finsenswei. Hja is ekspert yn útstapkes. Hy is al dy plennerij net wend, der moat altiten in doel wêze, ditkear hjit it Willumsens Museum yn Frederikssund.
As hja inoar treffe op it stasjon fan de wyk Vanløse yn Kopenhagen, sleept se in grutte kuoltas mei dy’t hy wol sjouwe mei. Sels foar him is dy ferskuorrend swier, mar dat is net fanwegen de slachrjemmetaartsjes, docht bliken, it is it keninklike porsleinguod. Blauwe blommen. Hja hat it meismokkele sûnder har mem te freegjen. Yn it park om it museum hinne stiet in tafel mei in bank dêr’t hja sitte kinne. De sûkerpot en it rjemmekantsje hat se ek meinommen.
Sa as gewoanlik is Anette kreas yn ’e klean. In aardich strak, koart en grien sidene jûpe en in pear elegante suêde skuon, wat net sa praktysk is as hja op ’e weromreis nei it stasjon yn in geweldige reinbui bedarje. It ûnwaret ek. En wjerljochtet. Aldergeloks is der in carport dêr’t hja skûlje kinne wylst de bui oerdriuwt.
Hja binne it iens dat it in moai museum wie. Hy hat in poster kocht dy’t ek wiet wurden is. Nei de tiid, as hja yn ’e trein sitte, poetst se syn bril. Hy fielt him dêr earlik sein net hiel noflik by, mar it is blykber foar har hiel natuerlik om sa aktyf te wêzen. Dat moat men wol respektearje.

 

 

Tiisdeis giet harren dochter nei it hynsteriden

Tiisdeis giet harren dochter nei it hynsteriden. It is te fier fuort foar har om te fytsen, dus bringt hy har yn ’e auto. Hy mei yn ’e maneezje sitte en tasjen. Stapfoets, draf en galop. Hja rydt op Flicka of Foxlight. Buster is te lyts foar har. De rook fan hynders en fochtich sân. De koarte, skerpe befellen fan de rydynstrukteur.
Mar normaalwei rydt er nei it wetter ta. Hy hoecht oars net as nei ûnderen en in stikje by it wetter delrinne. In pear stientsjes keile. In hânfol sân tusken de hannen trochglydzje litte. De stirnzen kriten hearre. It waait hast altiten.
Op de weromreis nei de rydskoalle hâldt er ho by de minygolfbaan fan ’e kemping. Der is gjin siele, alles is winterdeis sletten. Hy hat in klup en in pear ballen yn ’e kofferbak lizzen. Hy kin him maklik troch in gat yn ’t stek hinne wrotte. Op de baan tinkt er faak oan dy kears doe’t syn bruorke troch ûngelok him mei in minygolfklup delslein hie. Har âlden hienen in simmerhûs yn Øster Hurup hierd. Der sit noch altiten in spoarke fan in groede op it kin.
Hoal nûmer 15 is de dreechste. De bal moat by in hellinkje omheech slein wurde mei safolle gong dat er twa meter troch de loft fljocht en yn in grien net delkomt.
Komselden liket it derop dat syn dochter bysûnder hastich is om fuort. Der is altiten wol in hynder dat roskjimd wurde moat. Hja freget him yn alle gefallen nea wêr’t er bleau.

 

Yn ensafh nû. 3 steane noch mear ferhalen fan Thøger Jensen.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *