Teleks: Akteur Popke van der Zee ferstoarn

logo.ensafh

Akteur Popke van der Zee is sneon ferstoarn. Hy is 64 jier wurden. Van der Zee wie al in skoftke slim siik.

Van der Zee wie learaar Ingelsk op it Bogerman College yn Snits. Dêrneist wie er betûft amateur toanielspiler. Hy hat meardere kearen meidien oan it iepenloftspul yn Jorwert. Ek spile er yn skoaltelefyzjeprogramma’s fan Omrop Fryslân.

Nei’t Van der Zee earder ophâlden wie mei wurkjen, stoarte er him folslein op it teäterwurk. Hy spile yn grutte produksjes as de ‘Tocht van Morgen’ en ‘Lab Molke’. Mar ek yn lytse yntime foarstellings as ‘Juster is fuort’ mei Hilly Harms oer demintens en ‘Foar dy, nei dy’.

Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *