Anne Feddema

It lân fan ’e ferhalefertellers

logo.ensafh

Fan 24 augustus ôf oant 1 oktober hâldt Anne Feddema ta yn it Ierske Galway, dat Kulturele Haadstêd is yn 2020. Hy is útnûge om diel te nimmen oan in ynternasjonaal projekt dat Óró hjit en dêr’t keunstners, dûnsers, skriuwers, muzikanten en byldzjend keunstners út Baskelân, Wales, Cornwall en Ierlân dielnimme. De bedoeling is om acht foarstellings te meitsjen dêr’t it firus en taal in wichtige rol yn spylje sille. Anne Feddema sil ferslach dwaan fan syn aventoeren op Ensafh.

It lân fan ’e ferhalefertellers

En dan sit ik einlings yn Galway, Gaillimh sa as it yn it Iersk-Gaelic hjit en dat soks betsjut as ‘stiennich plak’. Moandei 17 augustus kaam ik op it fleanfjild fan Dublin oan. Troch Covid 19 wie it der rûnwei in surrealistyske berêding. Op my nei wie der gjinien te bekennen by de rinnende bân mei bagaazje…wachtsje…sjen…wachtsje…komt der noch wat…hè hè…toe ju…oant it momint dat myn âlde blauwe, fertroude KERRIMOR rêchsek my hast fleurich yn ’e earms sprong. No wie ik dan wol yn it lân fan ’e dichters en ferhalefertellers mar noch net dêr’t ik wêze moast…nee lêzers…earst noch dik trije oeren mei de bus, rjochting Atlantyske Oseaan. De ‘CityLink’ bus hie in namme…‘James Joyce’ ja hear…hoe komme se der op? De sjauffeur hie in soad fan ien fan ’e Dubliners…de groep, net in persoan út it boek fan Joyce…mar dat wit ik net fansels. Ik stapte as earste yn mar bleau ek hjir de ienige passazjier. Ik wie moarns hiel betiid fan bêd gongen en wie tige wurch fan it reizgjen, ik koe de eagen net iepenhâlde en foel yn ’e sliep. Doe’t ik wekker waard stie de bus stil, gjin sjauffeur te bekennen. Mar al gau kaam de man der oan…hy hie eat by him…in grutte pot sa te sjen. Hy seach my oan en sei: ‘It began to rain and the sun was shining…so I quickly went to the end at the rainbow to get meself the pot of gold’. Now I’ll bring you to your final destination…by the way…I am Cliff Hanger’. Ja…ja…âlde storyteller, tocht ik. Ik woe noch in knipperke dwaan. Mar hee…hie er dat no werklik sein…Final destination?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *