Kollum Aant Mulder: In wûndermoaie dea of net

logo.ensafh

De nijste DE NIJE soarget suver foar opskuor. Dat wie net de bedoeling, mar it hinderet ek neat. No ja opskuor, ik moat net oerdriuwe. It giet mar om in pear reaksjes. De oanlieding ta dat opskuor is it artikel ’75 jier toaniel‘, in fraachpetear dat Folkje Koster mei Bauke Oldenhof hie. Op de digitale krante It Nijs waard dêr omtinken oan jûn. Dat waard dien mei in foto fan Oldenhof en in kwote út dat artikel. ‘It Frysk stjert in wûndermoaie dea.‘ It artikel is de muoite fan it lêzen wurdich, dat ik soe sizze keapje DE NIJE of lês it sitaat op It Nijs. Der kamen dus daliks in pear reaksjes yn. Dêr moast de Ried fan de Fryske Beweging as útjouwer fan dat blêd it yn ûntjilde. It kaam derop del dat it de Ried ferwiten wurde kin dat it Frysk in wûndermoaie dea stjert en dat dy der dus mar better mei ophâlde kin. Dy reaksje fernuvere my. Ik hie earder in ynhâldlik ferhaal ferwachte. Oan ’e oare kant, dêr wie net folle oanlieding ta.

Lês fierder by It Nijs

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *