Aginda 29-08-20 o/m 01-11-20: It gelok fan Fryslân

logo.ensafh

IT GELOK FAN FRYSLÂN
In aventoerlike audio-kuiertocht dy’t de sintugen iepenet en dy fiele lit wêr’t Fryslân lokkich fan wurdt!

Dizze simmer frege Tryater ynwenners fan Fryslân wat harren gelokkich makket. De antwurden dy’t we fan jong en âld krigen binne sammele en ferwurke ta in grut geloksgedicht. Oan ‘e hân fan dit gedicht meitsje we in ferrassende poëtyske én fisuele ûnderfining op lokaasje. Gean mei op reis yn ús syktocht nei gelok.

Per doarp wurdt in unike rûte makke. Wylst nei it gedicht harkest, rinst lâns bysûndere plakken en objekten dy’t dy ûtnûgje om mei oare eagen nei dysels en dyn omjouwing te sjen. De rûte is foar minsken út it doarp, mar ek foar elkenien fan fier dêrbûten.  Alle wiken in oare rûte, alle wiken in oare ûnderfining. Want it gelok fan Eastermar is oars as it gelok fan Jorwert of Wikel. It gelok fan Fryslân is in poëtyske konfrontaasje mei gelok.

It gelok fan Fryslân strykt del yn de folgjende doarpen:
29 en 30 augustus: Marsum
5 en 6 septimber: Jorwert
12 en 13 septimber: Koarnjum
19 en 20 septimber: Feanwâlden
26 en 27 septimber: Wommels
3 en 4 oktober: Eastermar
10 en 11 oktober: Wikel
17 en 18 oktober: Reduzum
24 en 25 oktober: Kollum
31 oktober en 1 novimber: Winaam

Coronaproof
It gelok fan Fryslân is coronaproof ûntwikkele. Tryater folget de rjochtlinen fan it RIVM.
Der is in beheind tal plakken beskikber per foarstelling.

Mear ynformaasje:
https://tryater.frl/show/it-gelok-fan-fryslan/

3 reaksjes op “Aginda 29-08-20 o/m 01-11-20: It gelok fan Fryslân

  1. Sondel, dêr’t wy as skoalbern út Penjum wei op ‘e fyts hinne giene op skoalreiske.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *