Edwin de Groot

Blaudrukken op de Blue Marble

logo.ensafh

 

 

Blaudrukken op de Blue Marble

ast wolvespoaren yn ´e snie sjochst
de iesiters nei mekoar roppe en raze
dan witst it
earne tusken de beammen
is der wer stoarn

net skjin en suver
yn in koarte sprint
om de trein noch helje te kinnen
mar rûch en rou
as fel en fetten skuorre

oant inkeld noch in karkas
yn stikken
sloarderich delsmiten
as lege swimfesten
op in frjemd strân

en nei de bearen
stoffearje de fûgels de nêsten
mei de lêste tûfkes hier
jouwe jagers de jongen tate
sykje âlden de bern

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *