Anne Feddema

Teätermantsje

logo.ensafh

Fan 24 augustus ôf oant 1 oktober hâldt Anne Feddema ta yn it Ierske Galway, dat Kulturele Haadstêd is yn 2020. Hy is útnûge om diel te nimmen oan in ynternasjonaal projekt dat Óró hjit en dêr’t keunstners, dûnsers, skriuwers, muzikanten en byldzjend keunstners út Baskelân, Wales, Cornwall en Ierlân dielnimme. De bedoeling is om acht foarstellings te meitsjen dêr’t it firus en taal in wichtige rol yn spylje sille. Anne Feddema sil ferslach dwaan fan syn aventoeren op Ensafh.

Teätermantsje

It libben fan ien dy’t yn in teäterproduksje meidocht is no net fan it rêstige gean-mar-sitten-it-komt-fansels-wol-ynoarder-soart. Nee, it is gewoanwei hiel hurd bealgjen, in hiel programma ôfwurkje en dat alle dagen wer op ‘e nij.
Dûnsje…Sjonge…Muzykspylje…Roppe…Raze…Skrieme…Laitsje…Uteinlik bin ik dochs noch op ‘e AVEK bedarre. In oplieding dy’t eartiids tahold yn Ljouwert op it Grut Skavernek. It betsjutte Akademy Foar Ekspresje en Kommunikaasje.
Lichemstaal en nuvere breinfratsen…soks.
In pear moanne ferlyn wienen we al begûn mei it Óró projekt, fanwegen Koroana op Zoom. Twa kear in wike, itselde soart skema hantearjend as we no dogge.
En ek doe al…dûnsje. Op myn atteljee is dêr net genôch romte foar, dus dan rûn ik mei de iPad nei de souder fan it oare hûs, ja wy hawwe twa wenten neist elkoar, witte jimme dat ek wer en no is dat ek de romte dêr’t wy wask ophingje.
Kamen we mei de groepsles op in punt dat we as in idioat bewege moasten, dûnse ik gauris út it sicht fan it lytse kamerake en hong ik bûten byld, ûnderguod ensfh. op.
Hjir yn An Cheathrú Rua is it oars…ik doch de wask nét en ik waskje mysels ék net mear…skeelt in soad tiid en de oaren út de ploech stjonke noch krekt in bytsje mear…alle moarnen by it dûnsjen fan ús namme, rûk ik Ierske, Skotske, Cornwalske én Baskyske woartels en sipels om my hinne.
Anyway. We rippetearje yn in âld fabryk mei ferskate romten en dy brûke we foar lytse performances, allegearre betocht en foarmjûn ymprovisearjendewei. Ymprovisaasje is ít kaaiwurd.
Ymprovisaasje…Ymprovisaasje.
Jo hawwe flugge…stadige ymprovisaasje…
Drûge…wiete ymprovisaasje…
Oan ‘e ein fan wike ien…ik hie it hân en hallusinearre, fûnen se in flink ein tou yn in tsjustere hoeke fan it fabryk…oft ík noch eat betinke koe…ymprovisearje alsa. Ik wist al wat…mar ik hie der de krêft net mear foar. Ik sei:
‘Jimme sille my al in bytsje helpe moatte.’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *