Lomme Schokker

Reizger om utens

logo.ensafh

‘It âlde stasjon fan It Hearrenfean ha ik goed kend. It wie treurich, funksjoneel en mâl, dat ik fûn it al lang prachtich.” Sa begûn Jan Blokker syn kollum yn De Volkskrant fan 27 july 1985. It stikje stiet yn de bondel Het station van Heerenveen, útjûn oktober 1986 (De Harmonie, Amsterdam; side 57). Fier nei 1989 moat ik dit boekje earne twaddehânsk kocht ha, want op it titelblêd stiet yn regelmjittige folpinneletters: Voor Gijs Vogelenzang, de 1e KERSTMIS 1989: in ons nieuwe huis! Dêrom mei ik graach in boek mei ynskripsje foar in my ûnbekende persoan thús in langer libben jaan, soms jout sa’n persoanlike opdracht my yn myn donkerste dagen sicht op in feal opljochtsjend perspektyf.

De kollum fan Blokker droech de titel ‘Prijs’. It nije stasjon hie yn 1985 ien of oare arsjitektuerpriis wûn en dat ferbjustere Blokker. Hy hie it in jier earder foar it earst sjoen, ‘syn’ stasjon wie ferfongen troch yn syn wurden in lyts type Centre Pompidou: ‘de ferwulften sjogge derút as it palmestrân dat immen op it rút fan syn iiskâlde, sigerige sliepkeamer skildere hat, of as de tekening fan in smûke trochskynfoargevel dy’tst wolris oanbrocht sjochst op in bline muorre yn in suterige sanearringwyk.’

Ik ha sa myn eigen skiednis mei dat âld stasjon, it alderkâldste fan Nederlân sa’t it doetiids bekend stie. As jonkje fan in jier of trettjin fytste ik parallel lâns it spoar. Nei it noarden ta, Akkrum, Grou-Jirnsum, Ljouwert, wie it doel fertroud, bleau it myn eigen gebiet, mar it suden yn – all destinations beyond Wolvegea – late it spoar yn de fierte nei terra incognita, nei spannende en útdaagjende bestimmingen, nijsgjirrich en hieltiid oanlokliker. Ik wit noch dat ik op myn sechstjinde sûnder de help fan oaren op de trein stapte inkeld en allinne om hielendal yn Amsterdam it Tropenmuseum te besykjen. In jong maatsje mei idealen dy’t in skym fan de wrâld sjen woe.

It is mar goed dat Blokker de wentoer fan sa’n fjirtjin ferdjippingen net meimakke hat dy’t tsjintwurdich deun nêst it stasjon stiet. Rânestêdlike ambysjes yn in doarp dat der net foar bestimd is, soe er fan betinken wêze. De ûnferbidlike diktatuer fan de projektûntwikkelers, soe er fêst skreaun hawwe. Ik stean foar it rút op de sânde ferdjipping, yn ’t appartemint fan J., myn stúdzjegenoate fan fjirtich jier lyn. Ik sjoch lyk nei ûnderen. Dêr, yn ’e delte op it perron fan de trein nei it noarden ta, sit in man mei in bosk griis hier al langer as in kertier skynber sûnder op of om te sjen in boek te lêzen, in boek mei in blauwe omslach en grouwe giele letters.

J. freget my ek wannear’t ik no ris lang om let nei Fryslân weromkom te wenjen. Net oft, wannear. Sy is al de fiifde yn Fryslân dizze simmer dy’t my dat freget. Wat is it dochs mei guon fan myn kunde en de measte fan myn famyljeleden dat it foar harren blykber sa fansels is om it lêste part fan myn libben yn Fryslân troch te bringen? Soe dat by minsken yn oare provinsjes ek sa slim wêze, of hawwe Friezen mear as oaren sa manifest woartelsketten yn eigen grûn? Ik moat der by sizze dat tweintich jier lyn it Simmer 2000 gedoch foar it grutste part finaal lâns my hinne gien is. Flauwe kul fûn ik it, as ik der al wat fan fûn.

Frjemdling yn in frjemd lân, skreau Eric Hoekstra earder dit jier yn De Moanne oer it stasjon fan it Hearrenfean. Hy seach in perron mei twa spoaren: de goede kant út of de ferkearde. Foar my wie jierren lyn it spoar it noarden yn de fertroude kant it neist, dat nei Wolvegea de ûnbekende wei op. Foar Blokker wie it doetiids krekt oarsom: ‘Ast oankaamst út it suden – foar Fryslân is Swol al in bytsje o, la, la – rûnst binnen op it twadde perron. Om dêrwei oer perron 1 nei de útgong te gean moast, krekt útstapt, efkes wachtsje oant de trein syn tocht nei noch ûnherberchsumer, noch noardliker oarden ferfetsje sil, en dan stiest soms wol trije minuten tusken lotgenoaten dy’t ek neat seinen foar sa’n slachboom: in benearjende ûnderfining.’

As de trein it barre noarden yn rydt sjoch ik dat de âlde man djip ûnder my der noch sit, dreech en steech yn beslach nommen fan syn boek. It perspektyf fan in âldere man, woartele op de bank en yn frede mei syn bestimming.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *