Anne Feddema

Teäter fan it werklike libben

logo.ensafh

Fan 24 augustus ôf oant 1 oktober hâldt Anne Feddema ta yn it Ierske Galway, dat Kulturele Haadstêd is yn 2020. Hy is útnûge om diel te nimmen oan in ynternasjonaal projekt dat Óró hjit en dêr’t keunstners, dûnsers, skriuwers, muzikanten en byldzjend keunstners út Baskelân, Wales, Cornwall en Ierlân dielnimme. De bedoeling is om acht foarstellings te meitsjen dêr’t it firus en taal in wichtige rol yn spylje sille. Anne Feddema sil ferslach dwaan fan syn aventoeren op Ensafh.

Teäter fan it werklike libben

De fotograaf seit: ‘Tink mar oan it moaiste en it bêste datst oant no ta meimakke hast by Óró…hâld dat fêst en draai dan stadich dyn holle nei my ta.’
Alsa de lins. Ja, ja…allegearre bêst genôch, dizze foto’s binne fansels foar de parse ensfh.
Je moatte strielje, fûnkelje, der útsjen as in healgod of yn alle gefallen, as de helte dêrfan of in kwart…dat soe al hiel wat wêze.
Mar ik bin brutsen en kapot. Sels de ein dy’t út myn bek hingje moat is dertusken útnaaid rjochting
Duckstêd. As alle jildjouwers fan dit projekt no ris sjen soenen hoefolle pine de minsken hawwe?
Soe dat noch ferkeapje? No, no Feddema…moat dat no sa? Nee hear, mar it lêst wol lekker.
En dat ik stikken bin is wis wier, hear. Myn knibbels binne trije kear sa grut wurden fanwegen it focht dat him deryn samle hat en dêr’t je wol in folkstúntsje mei wetter jaan kinne soenen yn in drûge perioade.
Anywayhawar…ik wurkje mei tige talintearre minsken. Allegear hiel betûft yn har eigen wurkfjild.
Alle dagen komt der wol eat by foar de útfiering…de bonken en it skelet binne der…no it fleis noch.
Ik rûk nammers, alle moarntiden…by it opwaarmjen fan ’e lea en by it dûnsjen mear en mear Vegaeurogrientesop…pastinaak…woartels…sipels.
Mar ek in oare rook…lunsj…we hawwe in oare cateraar…de âlde hantearre de ferkearde folchoarder…sipels…jirpels…woartels. No is it wer yn oarder…woartels…sipels…jirpels. It komt goed freonen. No mar in Guinness.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *