Aginda 06-11-20: Tredde Dei fan de Fryske letterkunde

logo.ensafh

Op freed 6 novimber 2020 fynt de tredde Dei fan de Fryske letterkunde plak. Yn it ramt fan de Nederlânske befrijing dy’t dit jier 75 jier lyn is, is it tema dizze dei ‘Befrijing yn de Fryske literatuer’. Ferskillende sprekkers, ûnder oare heechlearaar Goffe Jensma en skriuwer Abe de Vries, sille lêzingen jaan. It kongres is tusken 10:00 en 16:30 oere yn de Gysbert Japicxseal yn Tresoar. Fanwegen koroanamaatregels is der romte foar in beheind tal minsken. It folsleine programma en mear ynformaasje oer oanmelding folgje ynkoarten. De Dei fan de Fryske letterkunde wurdt organisearre troch de Fryske Akademy en Tresoar.

Boarne: Tresoar

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *